Aris útskeakele foar play-offs nei ferlies tsjin Apollo

03 apr 2021 - 21:37

De basketballers fan Aris ha sneontejûn ferlern fan Apollo Amsterdam. Yn it Kalverdijkje giene de ploegen lang lykop, mar wie de winst wie úteinlik mei 58-75 foar de Amsterdammers. Omdat nûmer twa fan de Elite B Weert sneontejûn wol wûn, is Aris no útskeakele foar de play-offs.

De Ljouwerters hiene in minne wike: tongersdei waard bekend dat in tal âld-spilers fan Aris fertocht wurde fan matchfixing en dy jûn waard ek nochris kânsleas ferlern fan hikkesluter The Hague Royals.

Sechstjin

Aris wie dus wol wer ris oan in goed resultaat ta. Tsjin de nûmer trije fan de kompetysje Apollo Amsterdam setten de Ljouwerters aardich útein en it earste kwart einige yn 16-16. De twadde perioade gie op krekt deselde wize, dus by it skoft wie it 32-32.

De Amsterdammers sloegen yn it tredde kwart in gatsje, nei 47-57. Aris koe dat gat yn it lêste kwart net mear goedmeitsje en it waard dus 58-75.

Foto: Orange Pictures

De Ljouwerters stean nei seis wedstriden yn de Elite B op it fjirde plak mei seis punten. Se binne dêrmei útskeakele foar de play-offs. De bêste twa teams fan de Elite B sille troch nei de play-offs. It gat nei nûmer twa Weert is nei sneon tsien punten, dat is mei fjouwer wedstriden te gean net mear yn te heljen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)