Petysje tsjin gaswinning nei twa dagen al goed 1.500 keer tekene

03 apr 2021 - 19:13

In petysje tsjin gaswinning yn Tytsjerksteradiel is nei twa dagen al mear as 1.500 kear tekene. De petysje, opset troch sân fraksjes yn Provinsjale Steaten, moat derfoar soargje dat der yn it gebiet gjin gas mear wûn wurde sil út lytse gasfjilden.

Gaswinning fan Vermilion yn Aldlemmer - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Lokale en regionale oerheden sprutsen har earder al út tsjin de plannen fan gaswinner Vermilion, mei in advys oan it ministearje fan Ekonomyske Saken. De fraksjes fan FNP, PvdA, GrienLinks, SP, Partij voor de Dieren, 50PLUS en D66 yn Provinsjale Steaten hoopje dat de ein yn sicht is foar gaswinning no't der in nij kabinet socht wurdt dat mooglik ek in duorsumer paad ynslaan wol.

(Advertinsje)
(Advertinsje)