Muzyk en strideraasje yn de finale fan it Frysk sjongfestival Liet

03 apr 2021 - 19:14

De finale fan it Fryske sjongfestival Liet hie eins foarich jier al wêze moatten, mar doe seach de organisaasje gjin mooglikheid foar in 'folweardige sjo'. Goed fjouwer moannen letter kin it no wol.

Liet folslein

Liet is in wedstriid foar it bêste liet dat nij skreaun is yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streektalen.

De finalisten binne Janneke de Boer, Fegebart, Douwe Dykstra, MOSKEN, Bokke en de Heidehippers, BANT, Volk!! en Sample Text. Yn it Ljouwerter poppoadium Neushoorn stride se om it earste plak. Foar it earst yn 30 jier is dêr gjin publyk by.

Behalve de finalisten binne der ek optredens fan bekende artysten dy't yn duo's selsskreaune Frysktalige komposysjes foar it earst útfiere. Dit jier binne it Iris Kroes & Wander Kars, ZEA & Dina, en Huub Prins & Bobby Choco.

Trefwurden: 
sjongfestival Liet
(Advertinsje)
(Advertinsje)