RIVM: Regionale maatregels tsjin coronafirus ha gjin sin

03 apr 2021 - 21:40

Regionale maatregels om de útbraak fan it coronafirus ûnder kontrôle te krijen, ha net folle sin. Dat seit haadmodelleur Jacco Wallinga fan it RIVM. Maatregels foar ferskillende leeftiidsgroepen binne sinfoller, seit er.

Foto: ANP

De NOS frege Wallinga oft it sin hat om per regio de besmetlikheid fêst te stellen, en dan passende maatregels te nimmen. "Dat heeft niet zo veel zin", seit Wallinga. "en je stuit ook op allerlei lastige problemen. Je moet dan weten hoeveel Groningers door andere Groningers besmet zijn of naar Friesland reizen."

'Ga eens wat verder uit elkaar wonen'

"Je kunt ook weinig met zo'n regionale R", seit Wallinga. It reproduksjegetal R lit sjen hoe hurd oft it firus him ferspriedt. It jout oan hoefolle minsken gemiddeld besmet wurde troch ien persoan mei it coronafirus. "Stel dat je vindt dat in de Randstad de R wat hoger zou zijn omdat de mensen er dichter op elkaar wonen. Dan kan je moeilijk zeggen: ga eens wat verder uit elkaar wonen."

Neffens Wallinga soe de R better berekkene wurde kinne foar bepaalde leeftiidsgroepen, om dan bypassende maatregels te nimmen. Dat is 'zinvoller', seit er.

'Nederlân is te lyts'

Der binne wol lannen dêr't in regionale oanpak jildt. Dat seit RIVM-baas Jaap van Dissel yn itselde petear mei de NOS. "In Oostenrijk zie je rond Wenen, dat vlak bij Tsjechië, Slowakije en Hongarije ligt, drie keer meer besmettingen dan in West-Oostenrijk."

"West-Oostenrijk is nog tamelijk open, zelfs de restaurants, maar in het Oosten geldt voor Pasen een strikte lockdown. Ook in Duitsland zie je heel grote verschillen in aantallen besmettingen tussen verschillende deelstaten en ook wel in beleid. Maar ons land is daar geografisch gezien eigenlijk te klein voor."

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)