Wynjewâld iepenet proeftún om doarp enerzjyneutraal te meitsjen

03 apr 2021 - 16:07

In feestlike dei foar de ynwenners fan Wynjewâld: elk húshâlden krige sneon in sjek fan 2.000 euro troch de bus. It jild is bedoeld om it doarp enerzjyneutraal te meitsjen.

Proeftún Wynjewâld iepene

De dei begûn mei in lûdswein op sinnestroom dy't troch it doarp ried. Om 11.00 oere wie der foar elkenien in gearkomste om ynformaasje te krijen oer it plan om Wynjewâld enerzjyneutraal te meitsjen.

De offisjele iepening fan de proeftún is in grutte stap yn de goeie rjochting, fertelt foarsitter fan doarpskoöperaasje Wijnjewoude Energie Neutraal (WEN) Pieter de Kroon. "Hjoed is in einpunt en it is ek in begjinpunt. In einpunt fan it trajekt dat wy duorsum wurde wolle. En it begjin fan it ferwêzenlikjen fan ús dream."

Yn 2015 is WEN begûn mei de plannen foar in enerzjyneutraal doarp. Wynjewâld krijt in subsydzje fan 4,3 miljoen euro om dit te realisearjen. In grut part fan dat jild giet nei de ynwenners fan it doarp. Elk húshâlden krijt in sjek fan 2.000 euro om enerzjybesparjende maatregels te nimmen. De Kroon: "De ynwenners kinne de folgjende stap meitsje nei duorsumens. Dat kostet sinten en dat is noch net altyd rendabel. Dêrom binne wy hiel bliid mei dizze stimulearring." In folgjende stap kin wêze it pleatsen fan sinnepanielen of in bettere isolaasje.

Pieter de Kroon jout sjek oan ynwenner - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Ek de ynwenners binne bliid mei it inisjatyf. "Ik fyn it in hiel moai idee om der mei oan de gong te wezen", fertelt ynwenner John van der Veen. Hy hopet dat elkenien dwaan mei wat der yn 'e holle hat. "Der binne sa folle dingen, at elk syn ding docht elkenien docht in bydrage dan fyn ik it in hiel goed inisjatyf."

De Wynjewâldsters krije de 2.000 euro net samar, dêr moatte se earst in plan foar meitsje. "Wy wolle mei elkenien gearwurkje sadat der in goed plan komt foar elk hûs en elk bedriuw. Dan kinne sy de folgjende stap nimme", seit De Kroon. It doarp hopet yn 2025 folslein enerzjyneutraal te wêzen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)