RIVM: 237 nije besmettingen yn Fryslân, de measten yn Súdwest-Fryslân

03 apr 2021 - 15:20

Der binne de ôfrûne 24 oeren 237 nije coronabesmettingen by kaam yn Fryslân. Dat hat it RIVM bekend makke. It binne der minder as freed. Doe wiene der 273 nije besmettingen. De ôfrûne wike binne der alle dagen gemiddeld 234 nije besmettingen by kaam yn Fryslân.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (52), dêrnei folgje Ljouwert (28) en De Fryske Marren (23).

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin minsken ferstoarn troch it coronafirus. Der wienen twa nije sikehûsopnamen yn ús provinsje. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Smellingerlân en Noardeast-Fryslân.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlik binne der 7.682 nije besmettingen meld. Dat binne der mear as gemiddeld.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)