Ampullen mei antibioatika oanspield op Flylân

03 apr 2021 - 13:24

Op it strân fan Flylân binne sneontemoarn meardere ampullen mei antibioatika oanspield. Dat meldt de gemeente Flylân op Twitter.

It giet om antibioatika fan it Dútske type Ceftriaxon HEXAL. De gemeente freget minsken dy't it genêsmiddel oantreffe, dat yn te leverjen by de gemeente en it nûmer fan de stoaringstsjinst te beljen: 0646351579.

Trefwurden: 
Flylân antibioatika
(Advertinsje)
(Advertinsje)