Adema: ChristenUnie woe foar formaasjedebat eins al ôfskied nimme fan Rutte

03 apr 2021 - 19:00

Nei't de folsleine opposysje it fertrouwen yn demisjonêr premier Mark Rutte opsein hie, seit ek koälysjepartij ChristenUnie net mei him yn in nij kabinet te stappen. Dêrtroch is de formaasje folslein fêstrûn, en drûgje de opsjes op foar Rutte om ek in nij kabinet oan te fieren. "It komt net as in ferrassing, want hjir wurdt al in wike oer praat", seit CU-partijfoarsitter Piet Adema fan De Wylgen. "We hiene de hiele wike al it gefoel dat Rutte foar in folgjend kabinet net de juste man is."

Sjoch nei de reportaazje

Hast de helte fan de Twadde Keamer stipe in moasje fan wantrouwen tsjin Rutte. De folsleine Keamer, útsein Rutte syn eigen VVD, karde syn optreden yn de ferkenning ôf, om't hy net de wierheid spruts oer syn earste petear mei de âld-ferkenners. Ut it ferslach die bliken dat it dêryn wol deeglik oer CDA-Keamerlid Pieter Omtzigt gie, wat Rutte earst noch stellich ûntkende.

Te folle bard

"Rutte heeft gelogen", seit ChristenUnie-lieder Gert-Jan Segers dêroer yn in ynterview mei it Nederlands Dagblad. Dêrmei is der foar in lytse kristlike partij 'te folle bard' om noch in kear yn in kabinet te stappen dêr't Rutte diel fan útmakket. De krityk fan Segers rjochtet him spesifyk op de persoan Rutte, en net op de VVD sels. "Het gaat om Rutte als de toonaangevende beelddrager van de politieke cultuur van de afgelopen tien jaar."

"De manier wêrop't hy omgien is mei de tsjinmacht út de Twadde Keamer en mei Pieter Omtzigt, dy't op fantastyske wize syn Keamerlidmaatskip ynfolling jûn hat... Sa gean je net mei minsken om", seit partijfoarsitter Piet Adema. "It jout in byld fan dy kultuer wêryn't we 'efkes wat regelje' en de tsjindruk út de Keamer efkes fuortmassearje sadat we fierder kinne. Mar fan dy kultuer moatte wy ôf."

Nije politike kultuer

"Mark Rutte hat, sa't Segers ek al terjochte sei, enoarm fan betsjutting west foar Nederlân en hy docht it ek goed yn de coronakrisis. Mar wy moatte no echt nei in nije politike kultuer ta. As dat ûnder lieding fan dizze premier moat, dan dogge wy net mei", seit Adema. "Wy tinke net dat Rutte de bylddrager wêze kin fan dy kultuer."

Foto: Omrop Fryslan

Partijfoarsitter Piet Adema fan ChristenUnie

De partij stipe earder dizze wike net de moasje fan wantrouwen, "want dat soe betsjutte dat Rutte fan dat momint ôf al fuort west hie en dan wiene we it liederskip yn dizze krisis, dat we no sa hurd nedich hawwe, kwyt. Dan hie de gaos kompleet west."

Betrouwen yn de polityk

De ChristenUnie wol foarútsjen nei de tiid nei de coronakrisis. "Dan hawwe ek de krisis oer it betrouwen yn de polityk. Dat freget om nij liederskip." De bal leit neffens Adema no by de gruttere partijen yn de Twadde Keamer, dy't ta in nije koälysje komme moatte. "Lit dy earst mar mei inoar om tafel gean om te sjen hoe't wy hjirút komme moatte."

De iennichste partijen dy't dat oant no ta net eksplisyt of ymplisyt (troch it stypjen fan de moasje fan wantrouwen) útsletten hawwe mei Rutte yn see te gean, binne CDA en D66. Tegearre mei de VVD komme dizze partijen op 73 sitten yn de Twadde Keamer.

It is ek noch mar de fraach oft D66-lieder Sigrid Kaag en CDA-lieder Wopke Hoekstra samar yn in kabinet stappe as Rutte bliuwt. De ferkenningsgaos rekket it CDA persoanlik, en Kaag sei yn de ferkiezingskampanje just ta te brekken mei de âlde politike kultuer.

Rutte bliuwt populêr

Dêrmei is net sein dat Rutte samar opstapt. Hy is noch hieltyd populêr binnen de VVD, sa befêstigen pommeranten dy't yn it AD op sneon foar him opkamen. Boppedat waard de VVD minder as trije wiken lyn noch de grutste partij, mei in kampanje dy't frijwol folslein om Rutte draaide: hast twa miljoen sjoggers stimden spesifyk op de listlûker sels.

(Advertinsje)
(Advertinsje)