Boartersbyld fan keunstner Michel Dil werom yn Penjum

It keunstwurk fan in skip op it keatsfjild fan Penjum is werom. It doarpsbyld waard trije jier lyn fuorthelle, om't it oan ein wie. Doarpsbelang Penjum hat mei stipe fan inkele fûnsen it nedige jild op tafel krigen om keunstner Michel Dil in nij byld meitsje te litten. Dit kear in duorsum skip dat in hiel skoft stean bliuwe kin.
Boartersbyld fan keunstner Michel Dil
Op it keatsfjild fan Penjum wurdt hurd wurke om it byld dat út twa dielen bestiet op it fjild te krijen. Keunstner Michel Dil hat hast trije jier oan it nije byld wurke. It giet om in skip fan keunstmateriaal.
It skip stekt foar de helte út de grûn, symboal fan de striid tsjin it wetter en tagelyk de ôfhinklikheid fan de Penjumer mienskip fan de see. "It makket mei neat út hoe't de minsken it sjogge", seit Dil. "Neffens de ien komt it út it wetter en neffens de oar sinkt er."
© Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
Dil makke it foarige byld fiif jier lyn as ûnderdiel fan it projekt Keunstrûte. Dil makke dat byld fan hout en it waard pleatst op it keatsfjild fan it doarp. Al gau waard it byld it doarpsbyld, mar ek in boartersobjekt foar de bern.
Nei ferrin fan tiid begûn it hout lykwols te rotsjen en waard it te gefaarlik om noch langer op boartsje te kinnen. Dil hat no in nij objekt fan keunststof makke. Hy hat dêr goed twa jier mei dwaande west.
Doarpsbelang is optein dat it betroude doarpsbyld wer werom komt. "Dit is sterk sa sterk as izer, der kin wol in auto oerhinne ride", fertelt Dil. It byld kin neffens de keunstner de kommende 40 jier wol mei.