Man om it libben kaam by bedriuwsûngelok yn Boalsert

03 apr 2021 - 12:30

By in bedriuwsûngelok by waskerij Rentex Floron yn Boalsert is sneontemoarn in man om te libben kaam. Dat befêstiget de Inspectie Sociale Zaken en Werkgelegenheid.

De helptsjinsten rieden sneontemoarn manmachtich út foar it ynsidint by it bedriuw oan de Koopman Heeresweg. Ferskate plysje-ienheden, twa ambulânses, de brânwacht en in traumahelikopter waarden ynset.

De Inspectie Sociale Zaken en Werkgelegenheid ûndersiket it ynsidint. It is ûndúdlik wat der krekt bard is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)