"Stroomprobleem kostet Hearrenfean ûndernimmers"

03 apr 2021 - 19:10

De problemen mei it stroomnet op it bedriuweterrein fan It Hearrenfean kinne derfoar soargje dat nije ûndernimmers har leaver earne oars fêstigje. "We weten dat er veel ondernemers deze kant op willen komen", seit Wilko Jan Aardema fan de ûndernimmersferiening. "Als je dan zo'n signaal van Liander krijgt, krab je jezelf achter je oren en kom je misschien niet."

Sjoch nei de reportaazje

Earder dizze wike waard bekend dat der yn Ljouwert problemen binne mei de stroomfoarsjenning. De problemen lykje hieltyd slimmer te wurden. "Elektriciteit is niet meer vanzelfsprekend", sei in wurdfierder fan stroombedriuw Liander.

De problemen op It Hearrenfean komme troch de grutte omslach nei elektrisiteit. Fan sawol bedriuwen as partikulieren wurdt de fraach hieltyd grutter. Tink bygelyks oan it riden mei in elektryske auto. Liander makket de ferliking tusken it elektrisiteitsnet en it wegenet.

"Je hebt snelwegen, provinciale wegen en lokale wegen", seit Peter Hofland fan Liander. "Je ziet nu dat er knelpunten ontstaan op het elektriciteitsnet door enerzijds de enorme hoeveelheid groene energie vanuit windmolens en zonneweiden en anderzijds de enorme grote vraag van bedrijven naar elektriciteit. Het net bestaat uit dunne kabeltjes, de lokale wegen."

File op it wegenet

Om't dêr safolle stroom troch moat, ûntstiet der in soarte fan file. "We zijn op veel plekken aan het uitbreiden, maar het kan zijn dat mensen langer moeten wachten voordat hun zonnepanelen terug kunnen leveren aan het net, voordat een laadpaal op het net is aangesloten en voordat het extra vermogen voor een warmtepomp beschikbaar is", ferfolget Hofland. "Elektriciteit is niet meer zo vanzelfsprekend als het was. Vraag het tijdig aan en houd er rekening mee dat het langer duurt dan dat je verwacht."

De oanlis fan in nij stroomnet by Drachten - Foto: ANP

Wilko Jan Aardema fan de ûndernimmersferiening

Dat is no krekt it gefal op It Hearrenfean. Undernimmers wachtsje te lang op stroom en de bedriuwen yn oanbou kinne gjin stroom mear krije. "We hebben hier een serieuze economie", seit Wilco Jan Aardema fan de ûndernimmersferiening.

"Liander weet wat de problemen zijn en wat de ambities van Heerenveen zijn. Liander luistert naar ons, maar doet vervolgens niets. In ieder geval niet voldoende, want er komen steeds meer problemen. Heerenveen staat niet hoog genoeg op de prioriteitenlijst."

Undernimmers bliuwe fuort

Neffens Aardema kin it derfoar soargje dat ûndernimmers net mear komme. "We weten dat er veel ondernemers deze kant op willen komen. Als je dan zo'n signaal van Liander krijgt, krab je je achter de oren en kom je misschien niet. Sommige partijen zullen zich bedenken en hier niet komen. Dat zou heel spijtig zijn."

Wethâlder Hedwich Rinkes oer de problemen

It kin net hurd genôch

Aardema krijt yn syn ferhaal byfal fan wethâlder Hedwich Rinkes. "It giet fansels wol om grutte trajekten dy't foar hiel Nederlân gean", seit Rinkes. "Dat realisearje wy ús ek goed, mar wy komme op foar ús bedriuwen en ús belangen." De gemeente is neffens de wethâlder mei Liander yn petear en wol dat it net allinnich by plannen bliuwt, mar dat der ek aksje op komt.

Rinkes: "Liander realisearret wat de needsaak is, dat wy út Nederlân wei sjoen in plattelânsregio binne, Mar wy binne wol in banemotor foar de takomst. Dat wolle wy bliuwe en dêr hawwe wy Liander by nedich. Sy sette no stappen yn it ferbetterjen fan it net, mar it kin net hurd genôch."

(Advertinsje)
(Advertinsje)