Opnij fûle brân yn âld muzykgebou yn Dokkum

03 apr 2021 - 09:20

Yn it âld opslachgebou fan muzykferiening DoMuKo oan de Van Kleffenstraat yn Dokkum hat freedtenacht brân west. It is de twadde kear yn koarte tiid dat it gebou yn ljochte lôge stiet. Nei alle gedachten giet it yn beide gefallen om brânstichting.

Foto: Noordernieuws/De Vries Media

Krekt nei middernacht kaam de melding binnen. It brânwachtkorps waard yn earste ynstânsje alarmearre foar in wenningbrân. By oankomst waard dúdlik dat it gie om it eardere opslachgebou fan muzykferiening DoMuKo. De parten fan it gebou dy't stean bleaun wiene nei in eardere brân yn febrewaris, stiene opnij yn ljochte lôge.

In pear dat mei har camper neist it gebou parkearre stie, ûntsnapte oan it fjoer en koe harren wein en eigendommen op tiid fuorthelje.

Brânstichting

De brânwacht helle wetter út de Dokkumer Ie om it fjoer útmeitsje te kinnen. Om it gebou út inoar te heljen en makliker by de lêste brânhurden te kinnen, brûkte de brânwacht in sorteargriper.

Nei alle gedachten is de brân ditkear, krekt as by dy yn febrewaris, oanstutsen en begûn mei in bulte ôffal achter it gebou. De plysje ûndersiket de saak. It âld opslachgebou is folslein ferlern gien.

(Advertinsje)
(Advertinsje)