Kollum: "Kuierje: hâld de hûn oan it tou"

"It is hjoed Stille Sneon. De sneon tusken Goedfreed en earste peaskedei. De dagen wurde langer en dat merke je bûtendoar. It wurdt minder stil en dat is oan de iene kant wol gesellich, mar net foar in soad bisten. It ôfrûne healjier hawwe de frou en ik ús in ritme oanmetten dêr't wy alle dagen nei it jûnsiten in kilometer as wat te rinnen geane.
Ferdinand de Jong © Omrop Fryslân
De Toan fan Ferdinand de Jong
Dat is yn de hjerst en de winter hast in garânsje foar in moaie kuier sûnder al te folle tsjinlizzers. Wy kuierje leafst oan de rjochterkant fan de dyk, der binne ek in soad dy't links rinne. Beide mei fan de wet, dus de lilke koppen fan dyselden dy't we tsjinkomme lit ik foar wat se binne.
Sels de as in idioat 'Lampje, lampje!!!' razende racefytser mei in mynwurkersljocht op syn helm en in read flikkerljocht ûnder syn kont feroaret foar ús yn in running gag. As er ús net sjoen hie, raasde er net sa. De jûnskuier is yn de nuvere tiden dêr't wy yn libje in moai ein fan de dei, dêrnei meie wy ommers net mear nei bûten. Ien fan de dingen dy't wy ûnderweis dogge is reeën telle. Prachtige bisten dy't somtiden hiel ticht by de dyk rinne te weidzjen. Meast rinne wy itselde rûntsje en wy hawwe as topskoare tritich stiks teld.
De dagen wurde langer en de rekreaasje yn de bosken komt dêrmei ek op gong. De druk op de beskikbere romte wurdt mei it langer duorjen fan de lockdown en it langer wurden fan de dagen grutter. Minsken wolle der út en dat is ek hartstikke goed foar de sûnens. Mountainbikers, bootcampers, hurdrinners, kuierklups en fansels de baaskes mei harren hûnen. No kom ik op tige glêd iis, want dêr meie jo neat oer sizze.
It is no ienkear sa dat der noch nea in hûn wat ferkeard dien hat, it leit him dan neffens de gelearden altyd oan it baaske. En ik wit sa stadichoan út ûnderfining dat de measten dêrfan net ûntfanklik binne foar al te folle kommentaar. Se litte de hûn leafst efkes los yn de bosken. Ik snap dat hiel goed, want in hûn mei graach even drave en fleane nei in dei te min romte. En der binne in hiele soad baaskes dy't de bisten kreas oan it tou hâlde, begryp my net ferkeard. It giet om de baaskes dy't dat net dogge.
Sy hawwe it miskien net troch, mar yn dy bosken rint mear om as sy mei harren hûn. De reeën krije ynkoarten wer jongen. Dy sjogge jo as hûnebaaske net lizzen, mar de hûn rûkt se wol. Der sitte rûnom einen te brieden, as je dy al te wyld fan it nêst jeie, ferlitte se de aaien en komme der gjin einepiken as it einepikewaar is. Dy einen sjocht it gemiddelde hûnebaaske ek net sitten, mar de hûn rûkt se wol. Jonge hazzen, itselde ferhaal.
En dan binne der ek noch minsken sûnder hûn dy't der in hekel oan hawwe as der in frjemde losrinnende blaffer oankomt. Dêr is meastal ek net safolle begryp foar by de baaskes as je se der op oansprekke.
Wy hienen op de pleats ek altyd in hûn, dy rûn de hiele dei los. Ien ferskil, dy bleau op it hiem. Dat wie him as har goed ynpipere, net yn de bosken komme. No't de rekreaasjedruk op de bosken sa grut wurdt, is it foar de noch oanwêzige wylde bisten hast net mear te dwaan om rêst te finen sa dat se foar neiteam soargje kinne. De mountainbikers ploegje dwers troch boskperselen hinne en litte dêrmei it oanwêzige rêstgebiet mei de helte slinke, faak sûnder dat se it yn de gaten hawwe.
It is maitiid, bliuw op de besteande paden en lit de bisten efkes mei rêst, dêr hawwe sy yn dizze tiid ferlet fan. Jo sjogge se miskien net, mar se binne der wol."