Michael Breij skeat twa goals: "We hebben zó kneiterhard gewerkt"

02 apr 2021 - 23:07

"Opgelucht wil ik niet zeggen," jout Cambuur-oanfaller Michael Breij nei de 0-3 oerwinning tsjin FC Volendam oan, "maar het is toch wel fijn dat we hier drie punten pakken. We hebben zó kneiterhard gewerkt, daar stond ik versteld van." Breij makke twa fan de trije goals. Konkurrint De Graafschap ferlear mei 0-3 fan FC Dordrecht. En NAC Breda spile lyk. "Dat hie ik nea ferwachte," seit trainer Henk de Jong dêroer. "Dit is foar ús goud. Dy útslaggen binne foar ús geunstich, sa is it."

Michael Breij

It team gunde it Breij, dat wie wol dúdlik yn de klaaikeamer. "Ik ben een praatjesmaker in het team, ik maak grapjes. Daarom gunnen ze het mij misschien, dat is alleen maar mooi. Ik ben gewoon blij dat het goed viel voor mij. Ik ben enorm trots."

"Voetballend waren we af en toe niet top," jout Breij ta, "maar de energie die we brachten was van hoge kwaliteit vandaag. We staan er goed voor en hopelijk kan over drie weken de champagne uit de koelkast. En een biertje vind ik ook wel lekker."

Henk de Jong

Trainer Henk de Jong fertelt dat der nei de wedstriid earst efkes wachte wurde moast op Michael Breij, dy't twa doelpunten makke yn de wedstriid. "Hy moast earst nei de kamera's, mar doe't er binnenkaam gie de hiele klaaikeamer los. Dan hoege je neat mear te sizzen. Ik haw wol sein: wy binne net wurch foar moandei. Dus wy sette troch, mar efkes muzyk en dûnsje mei ek."

"Wy hawwe se yn libben litten"

Nei de earste twa goals siet Cambuur al goed, fernaam ek De Jong. "Mei de rêst hie it al 3, 4 of 5-0 stean moatten. Wy hawwe se yn libben litten. Mar klear: in echte teamprestaasje. Dêr bin ik it meast grutsk op. Wy misse wol wat wichtige jonges, mar hoe't sy it oppake dat is foar my as trainer moai."

Robert Mühren

"We waren fantastisch," fynt Robert Mühren. "De energie die we in de eerste helft gebracht hebben was niet normaal. Daardoor gingen we comfortabel de rust in met 0-2, maar dat had meer kunnen zijn. Het was genieten, maar ook nodig na vorige week." Mühren hie it oer de nederlaach tsjin Roda JC. "Ik blijf rustig, ik moet ook met de auto naar huis. Maar het feest komt nog wel als we het mogen redden."

De resultaten fan De Graafschap en NAC Breda sitte dus mei. "Maar we blijven nog even serieus door te zeggen: als we het maandag verzilveren, dan is het een topweekend."

(Advertinsje)
(Advertinsje)