SC Cambuur wint fan Volendam mei 0-3 en sjocht titel hieltyd tichterby kommen

Cambuur-Leeuwarden docht goeie saken yn striid om it kampioenskip. It wûn by direkte konkurrint Volendam mei 0-3. Ras-Volendammer Robert Mühren makke de iepeningstreffer foar de Ljouwerters. Breij waard mei twa goals en in assist de man fan de wedstriid. Direkte konkurrint De Graafschap ferlear ferrassend genôch mei 0-3 fan FC Dordrecht. Konkurrint foar promoasje NAC Breda spile lyk. Mei noch sân wedstriden te gean hat Cambuur no acht punten foarsprong op nûmer twa Almere en njoggen op De Graafschap.
© Orange Pictures
It spul gie yn de earste helte op en del. De earste grutte kâns wie foar FC Volendam. Cambuur-keeper Sonny Stevens moast dûke foar in skot fan Antonucci. Oan de oare kant wie Breij gefaarlik, mar syn besykjen waard pakt troch Joey Roggeveen.
Nei 18 minuten spyljen kaam Cambuur op 0-1 troch in goal fan Robert Mühren. Hy kaam goed foar syn man nei in foarset fan Michael Breij. Dat no krekt Mühren skoarde wie pikant, want hy wennet yn Volendam. Ek spile hy jierren foar de klup.
Nei de goal fan Mühren besocht Volendam fuortendaalks in antwurd te jaan. Antonucci koe allinnich op Stevens ôf, mar waard weromfluite foar bûtenspul.

Cambuur dûbeld sa sterk

It antwurd fan Volendam mislearre, mar dat fan Cambuur wie dûbeld sa sterk. Sy skoarden om it heal oere hinne de 0-2. Michael Breij skeat fan in ôfstân op goal, wêrnei't de keeper blundere. De twadde fan de giel-blauwe klup út Ljouwert wie in feit.
In pear minuten letter hie Cambuur de wedstriid definityf yn it slot smite moatten, doe't Issa Kallon en noch twa spilers fan Cambuur allinnich op de keeper ôf kamen. Kallon hie de bal ôflizze moatte, mar die dat net. Hy sjitte op Roggeveen en dermei bleau de tredde goal út. Dêrtroch gie de klup út Ljouwert mei in 0-2 foarsprong de rêst yn.
© Orange Pictures
Nei it skoft liet Volendam fuortendaalks sjen wat it doel fan de twadde helte wie: oanfalle. De klup waard gefaarlik út in stekbal, mar Cambuur-keeper Sonny Stevens sprong foar de bal. Hy rekke wol blessearre by de aksje, mar stie nei in pear minuten al wer op. Cambuur reagearre mei in goeie kâns foar Mees Hoedemakers. De ûnmisbere skeakel op it middenfjild bruts goed troch en stie hielendal frij yn it 16-metergebiet, mar syn skot waard pakt troch Roggeveen. Cambuur hie ek mazzel, want in frije traap fan Volendammer Murkin kaam op de peal.

Breij man fan de wedstriid

Cambuur rekke net fan it stik en skoarde sels de tredde goal. Michael Breij makke syn twadde nei in blunder fan Volendam efteryn. Mühren krige de bal en lei breed op de middenfjilder fan de Ljouwerters. Breij bleau ien op ien mei de keeper rêstich. Volendam joech net op en besocht te skoaren, mar wie net suksesfol. In skot fan de ploech út it fiskersdoarp waard pakt troch Stevens. Sadwaande bleau it by 0-3 en wûn Cambuur op ôftekene wize.

Op nei de titel

Mei de winst op Volendam en de nederlaach fan De Graafschap, sjocht Cambuur de titel hieltyd tichterby kommen. Takom moandei komme de Ljouwerters alwer yn aksje. Se spylje dan om 14.30 oere thús tsjin Excelsior.
Opstelling oan it begjin fan de wedstriid:
SC Cambuur: Stevens, Mac-Intosch, Schouten, Schmidt, Hoedemakers, Kallon, Breij Bangura, Mühren, Oratmangoen, Antonia
FC Volendam: Bakker, Lauwers, Plat, Kaars, Eerdhuijzen, James, Iatroudis, El Azzouzi, Twigt, Beers, Schulte, Betti