Súdwest-Fryslân hat plan foar 'datearre' rekreaasjegebiet De Potten

Gemeente Súdwest-Fryslân hat in gebietsplan meitsje litten foar rekreaasjegebiet De Potten by Snits. Neffens de gemeente is sa'n fisy nedich om't it gebiet 'gedateerd raakt.' De Potten foldocht op dit stuit net mear oan de winsken fan de takomstige rekreant, mar de plannen moatte dêr feroaring yn bringe.
De Potten © Google Street View
Yn de fisy stiet dat der yn de lêste desennia in 'ruimtelijk onsamenhangende en rommelige plek' ûntstien is. Rekreaasje- en hoarekafoarsjenningen binne 'schraal, gedateerd en weinig onderscheidend.' Dêrom hat de gemeente ferskate oplossingen nei foaren brocht, dy't yn it rapport te lêzen binne.
Yn it plan is ek omtinken foar it ferkear om it gebiet hinne. Ynwenners fan Offenwier hawwe witte litten dat dy ferkearsdruk ûnderfine yn it doarp, mar út it ûndersyk docht bliken dat it ferkear fan en nei De Potten mar in lyts part is fan it totale ferkear dat troch it doarp rydt. Dêrom hat de gemeente dizze ferkearsdruk út de plannen mei De Potten wei holden.