Scooterrider krijt twa wiken sel en wurkstraf foar trochriden nei ûngelok

In man fan Snits hat twa wiken sel en in wurkstraf fan 80 oeren krigen foar it trochriden nei in oanriding. De man ried mei in liende scooter in jonge fan 15 oan. Hy sei tsjin de jonge dat er mar in ambulânse belje moast en ried dêrnei troch. De jonge hie de pols brutsen en moast nei it sikehûs.
Rechtbank Noord-Nederland © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De fertochte hat him letter by it plysjeburo meld, om't er him dochs skuldich fielde. Dêr joech hy ek ta dat hy gjin rydbewiis by him hie. De fertochte rûn yn proeftiid en hie noch in wike sel boppe de holle hingjen. De plysjerjochter hat besletten dat hy dizze wike útsitte moat, plus noch in wike en in wurkstraf fan 80 oeren.