SC Hearrenfean-trainer Johnny Jansen wol stunte tsjin Ajax

Mei noch sân wedstriden te gean, makket SC Hearrenfean him op foar de einsprint. Mei Twente, Heracles en Fortuna Sittard is Hearrenfean noch folop yn 'e race om plak acht. En dat plak jout rjocht op dielname oan de play-offs foar Europeesk fuotbal. De earste tsjinstanner yn de rige fan sân is net de minste: Ajax.
Johnny Jansen HEEAJA
Eardere moetingen tsjin de Amsterdammers lizze noch farsk yn it ûnthâld. Yn de heale bekerfinale waard SC Hearrenfean fan de matte ôffage (0-3). En ek earder dit seizoen yn de Johan Cruijff Arena hie de ploech fan Johnny Jansen neat yn te bringen (5-1). En toch lizze der kânsen, tinkt Jansen. "Ik denk echt dat er mogelijkheden zijn. Ajax is de beste ploeg van Nederland, maar er zullen altijd mogelijkheden zijn om te kunnen counteren."
"We moeten het compact houden en vanuit daar druk op de bal krijgen. En zo de strijd aangaan met de tegenstander. Dat zullen we gewoon beter moeten doen als de vorige keer."
Opstelling
Jansen woe syn opstelling noch net frij jaan. Dat hat alles te krijen mei de útslaggen fan de coronatesten dy't sneon pas komme. "Dat is best spannend. Sommige jongens hebben interlands gespeeld en komen uit het buitenland. Ik las dat er bij Feyenoord ook een aantal jongens niet bij zijn. Dat kan ons ook gebeuren. Onze dokter vertelde dat hij met klotsende oksels zit te wachten op de uitslagen."

Restearjend programma

SC Hearrenfean FC Twente Heracles Almelo Fortuna Sittard
Ajax (thús) Vitesse (thús) PSV (út) Feyenoord (út)
FC Groningen (út) PEC Zwolle (út) Willem II (thús) FC Emmen (thús)
PEC Zwolle (thús) FC Utrecht (thús) FC Emmen (út) ADO Den Haag (út)
PSV (út) Fortuna Sittard (út) VVV (thús) FC Twente (thús)
FC Utrecht (thús) Heracles Almelo (thús) FC Twente (út) AZ (út)
FC Emmen (út) RKC (út) Feyenoord (thús) Vitesse (thús)
Sparta (thús) ADO Den Haag(thús) AZ (út) Willem II (út)
Het liefst wil ik bij de top van Nederland voetballen.
Sherel Floranus

Ofrinnende kontrakten

Fuotbalklups moatte de ôfrinnende kontrakten fan spilers formeel foar 1 april opsizze. No't Gerry Hamstra net mear by SC Hearrenfean wurket, nimt de wurkgroep technyske saken dizze rol tydlik op him. Reservedoelman Jan Bekkema krige sa'n formele opsizzing, al wol dat net sizze dat hy de klup definityf ferlitte sil.
Wa't wol definityf Hearrenfean ferlitte sil, is Sherel Floranus. Hearrenfean hat noch besocht it ôfrinnende kontrakt fan Floranus te ferlingjen, mar de ferdigener sil Hearrenfean nei trije seizoenen transferfrij ferlitte.
Floranus: "Ik speelde eerst alles en op een gegeven moment zat ik op de bank. Dat zet je toch aan het denken. Het liefst wil ik bij de top van Nederland voetballen en zo niet, dan wil ik naar het buitenland. Het is misschien niet realistisch, maar ik heb wel ambities en ik weet dat het soms snel kan gaan."
Sherel Floranus HEEAJA
De wedstriid SC Hearrenfean - Ajax begjint snein om 16.45 oere en is live te hearren by Omrop Fryslân op 'e radio. It kommentaar is yn hannen fan Arjen de Boer.
Milan van Ewijk
As ferfanger hat Hearrenfean Milan van Ewijk op it each. De 20-jierrige fleugelferdediger stiet nei dit seizoen noch ien jier ûnder kontrakt by ADO Den Haag. Hearrenfean hat al in bod útbrocht, mar ADO is dêr net akkoart mei gien. Der is trouwens mear konkurrinsje, ek Fortuna Sittard en FC Twente hawwe Van Ewijk op 'e korrel. En der is belangstelling út Dútslân wei.
Fierder is Hearrenfean noch yn petear mei Lasse Schöne en reservedoelman Ariel Harush oer in langer ferbliuw. Ek hopet de klup Jan Paul van Hecke oer te heljen in jier langer te bliuwen. Mar dêrby is Hearrenfean ôfhinklik fan de Ingelske klup Brighton & Hove Albion FC. Van Hecke is dit seizoen hierd fan de nûmer 16 fan de Premier League.