Romke de Jong (D66) oer kwestje Rutte: "Je moatte ek mei-inoar troch"

"Je kinne fan alles fine, mar je moatte ek mei-inoar troch," sat seit Romke de Jong fan De Gordyk, nagelnij Twadde Keamerlid foar D66. Syn partij joech Mark Rutte in moasje fan ôfkarring. De jongereinôfdieling fan D66 hat der op oantrune om wól fieder te gean mei de VVD, mar nét fierder te gean mei Rutte. "Ik snap wat sy sizze. De kommene wiken sille alle partijen har dêr oer bûgje. Je moatte it betrouwen weromwinne fan de kiezer en de partijen dêr't je mei regearje."
D66 wol foarút sjen en perspektyf biede, seit De Jong. "Wy geane no fierder mei in ynformateur dy't wat fierder fan de polityk ôf stiet om it betrouwen fan de kiezer werom te winnen."
Ofrûne woansdei waard De Jong as parlemintariër ynstallearre. Hy krige fuortendaalks in swiere portefúlje: ekonomyske saken, ynnovaasje en dêrnjonken wurdt De Jong wurdfierder as it giet om de corona-stipepaketten.