'Skoalle Wikel net bedrige'

19 jul 2012 - 12:16

Underwiiskoepel Nije Gaast yn Balk sil de kommende tiid útsykje oft it mooglik is om de skoalle fan Wikel oer te dragen oan in oare ûnderwiiskoepel. De âlders fan skoalle 'De Regenboog' makken tongersdei bekend gjin betrouwen mear te hawwen yn Nije Gaast.

Foarsitter Ep van Hijum fan it Kolleezje fan Bestjoer is net bliid mei de aksje fan de âlders yn Wikel. Hy fynt de aksje oerdreaun omdat Nije Gaast foarearst net fan doel is om de skoalle yn Wikel te sluten. Nije Gaast is dwaande mei in takomstfyzje foar de langere termyn.

De koepel slút net út dat op termyn guon skoallen fusearje of sels slute moatte, mar sluting fan Wikel is de kommende jierren net oan 'e oarder, sa seit Van Hijum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)