Krûdryk skriezelân lûkt folle mear ynsekten, wiist ûndersyk by Ferwâlde út

02 apr 2021 - 18:25

It mei as in iepen doar klinke, mar op krûdrike greide komme mear fleanende ynsekten foar as op gerslân en ikkers dêr't mar ien gewaaks op groeit. Dêr is no ek Frysk bewiis foar, troch in ûndersyk fan Rijksuniversiteit Groningen, Wageningen University en it Kenniscentrum Insecten dat noardlik fan Ferwâlde útfierd is. It ûndersyk is dien mei automatyske ynsektekamera's. Greide mei in soad bioferskaat is likegoed moai foar de skries, as foar ynsekten.

Foto: Grutto Landschap Project

Der binne trije kamera's by Ferwâlde delset dy't er fan april oant en mei juny stien hawwe. It giet om it gebiet Piipkaniel, yn de polder Gaast-Ferwâlde. Foar alle ynsekten is besocht se thús te bringen. De trije stikken grûn dy't brûkt binne, wiene goed ferlykber as it om grûnsoart en wetterhúshâlding giet.

Grut ferskil troch plantferkaat

Yn trochsneed sieten der op in dei 40 persint mear ynsekten as op monokultuer-gerslân. Op maisikkers giet it sels om 60 persint minder. It meast waarden der dûnsmiggen sjoen.

Neffens de ûndersikers binne de resultaten wichtich foar it foarmjaan fan werstelprogramma's foar de briedpopulaasje fan skriezen. Jonge skriezen hawwe in grut ferlet fan ynsekten. Op krûdrike lannen is der dus ek mear iten besikber as op de lannen mei minder plantferskaat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)