300-400 Fryske ôfspraken skrast troch tydlike stop AstraZeneca-faksin

02 apr 2021 - 19:10

De kommende fjouwer dagen ferfalle sa'n 300 oant 400 ôfspraken foar minsken dy't fan GGD Fryslân it AstraZeneca-faksin krije soene. It ministearje fan Folkssûnens hat freedtemiddei besletten it faksin tydlik net te brûken by minsken dy't jonger as 60 jier binne. Minsken van 60 jier en âlder komme noch wol yn oanmerking foar it faksin.

Foto: Omrop Fryslân

De tydlike stop is fanwegen in rapport fan it Lareb, it lanlik sintrum dat de meldingen oer bywurkingen sammelet. Dy geane oer gefallen fan tromboaze yn kombinaasje mei in leech tal bloedplaatsjes, nei in faksinaasje mei it AstraZeneca-faksin. Yn Nederlân binne der fiif meldingen by froulju tusken de 25 en 65 jier.

Minister Hugo de jonge hat it beslút naam yn oerlis mei genêsmiddelsautoriteit CBG. Takom woansdei wurdt in nije ôfwaging makke, mei ynformaasje fan it Europese Medicijnagentschap EMA.

Guon hearden it op de priklokaasje

De persoanen dêr't it om giet, krije berjocht of hawwe dat al krigen. "Die mensen krijgen eerst een SMS van de landelijk callcenter, en ze worden daarna gebeld. Tot na half vijf hadden we nog negen mensen die geprikt zouden worden die in de groep vielen. Een deel kon worden afgebeld en de mensen op locatie hebben we naar huis moeten sturen. Dat is heel vervelend. Allereerst voor de mensen die gevaccineerd zouden worden, maar ook voor ons omdat we graag de vaccins willen geven die we hebben", seit Nils van Mourik fan de GGD, dy't de faksinaasje yn Fryslân koördinearret.

It faksinearjen mei it Pfizer-faksin giet de kommende dagen wol gewoan troch. "Het grootste deel van de vaccinaties betreft het Pfizer-vaccin. We vaccineren iedere week zo'n 10.000 tot 12.000 mensen met Pfizer, dat is zo'n 85 procent van het totaal", jout Van Mourik oan.

Nils van Mourik fan de GGD

(Advertinsje)
(Advertinsje)