200 oeren wurkstraf easke foar deadlik ûngelok by Warten

02 apr 2021 - 17:23

It Iepenbier Ministearje hat 200 oeren wurkstraf easke tsjin in 61-jierrige frachtweinsjauffeur fan De Westereen. Dy eask is fanwegen it feroarsaakjen fan in deadlik ûngelok by de Foanejachtbrêge by Warten yn 2019. De bestjoerder fan in bestelbuske, in 47-jierrige Boalserter, kaam by de frontale botsing om it libben.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It ûngelok wie op de Stûkenwei, de paralleldyk njonken de N31. De frachtwein kaam fier oer de middenstreek. De bestjoerder fan de bestelbus ferstoarn op it plak oan de ferwûningen. De fertochte hat oanjûn dat it ûngelok in soad ynfloed op syn libben hat en dat er wrakselet mei in skuldgefoel. Hy doart net net te praten mei de neibesteanden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)