Radarsysteem by Koarnwertersân moat fleantugen foar wynmûnen warskôgje

02 apr 2021 - 17:13

By Koarnwertersân komt in radarsysteem dat fleantugen warskôget foar de hege wynmûnen dy't der stean. De radar soarget derfoar dat de ljochten op de wynmûnen oangeane, as der in fleantúch oankomt. As dat fleantúch wer út de buert fan de wynmûnen is, geane de ljochten wer út.

Foto: Omrop Fryslân

Mei dit systeem moat foarkaam wurde dat de ljochten ûnnedich oan binne. Sa wurdt ljochtfersmoarging yn it Natura2000-gebiet beheind. De oanlis fan it radarsysteem wurdt safolle mooglik bûten it briedseizoen om dien.

Net allinnich foar de natuer is it geunstich, mar ek foar de minsken dy't yn it gebiet wenje. Oerdeis brânt it ljocht wyt en nachts knipperjend read. Omwenners fine foaral dat knipperjende reade ljocht nachts ferfelend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)