Boargemaster wol dat Hearrenfean meidocht oan sneltestproef Open Nederland

Mei in sneltest it terras op, efkes nei it museum, of it stadion yn foar in fuotbalwedstriid: dat is it idee efter in plan fan trije ministearjes om Nederlân de kommende tiid wer iepen te krijen. Dêrby wurdt op hûnderten lokaasjes sjoen wat der allegearre mooglik is wannear't minsken in negative sneltest oerlizze kinne. De gemeente Hearrenfean hat him oanmeld om mei te dwaan oan in grutskalige proef oer in pear wiken.
Boargemaster Van der Zwan fynt Hearrenfean 'poer geskikt' om mei te dwaan oan proef foar Open Nederland
Hearrrenfean - PEC Zwolle soe op 24 april de earste fuotbalwedstriid wurde kinne mei 4.000 man publyk yn it Abe Lenstrastadion. Direkteur Cees Roozemond is entûsjast oer it foarstel. "Voetbal is beleving en emotie. Daarbij hoort het publiek in het stadion. Dat perspectief is heel belangrijk voor ons." Roozemond giet der fanút dat er yn earste ynstânsje allinnich mar thúspublyk talitte kin. Dan wurdt it noch lestich genôch om te bepalen wa't de wedstriid wol en net bywenje meie. "Daar moeten we nog even goed over nadenken."
Direkteur Cees Roozemond fan SC Hearrenfean wol graach meiwurkje oan de proef
© Timo Jepkema, Omrop Fryslân
Wer minsken ûntfange kinne is net allinnich wichtich foar de sportklup, mar ek foar Museum Belvédère en de Feanster hoareka. De aard en skaal fan It Hearrenfean yn kombinaasje mei de oanwêzige foarsjenningen meitsje it plak neffens boargemaster Tjeerd van der Zwan 'poer geskikt' om mei te dwaan oan in proef yn it ramt fan Open Nederland. "Het museum heeft zich al aangemeld. De horeca hier is goed georganiseerd en heeft ook al eerder bewezen zoiets goed aan te kunnen. Als het ergens kan, dan is dat in Heerenveen."
De boargemaster pleitet lykwols net foar it nimmen fan risiko's. "Het moet natuurlijk wel verantwoord zijn, als je naar de besmettingscijfers kijkt. Maar nu steeds meer risicogroepen gevaccineerd zijn, kan de maatschappij weer stap voor stap open. Dat perspectief is heel belangrijk voor de middenstand, de horeca en culturele sector."
Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean
Museum Belvédère yn Oranjewâld © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De belutsen ministearjes moatte de kommende dagen noch definityf bepale hoe't de sneltesten en de eksperiminten der krekt út komme te sjen. Ek moat noch grien ljocht jûn wurde foar de proef.
Christel Koning fan Koninklijke Horeca Nederland op It Hearrenfean
Grand-bistro Het Postkantoor en grandcafé ’t Gerecht op It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Sian Wierda