Holwert oan See wer stap tichter by: Undersyk nei effekten tijmar úteinset

It liket fan bûtenôf wolris wat stil, mar achter de skermen wurdt hurd wurke oan it projekt Holwert oan See. It plan om de seedyk troch te brekken en in tijmar oan te lizzen by Holwert komt hieltyd tichterby. Dizze wike is ûndersyksburo Acacia Water begûn mei hydrologysk ûndersyk, om de effekten fan it tijmar op de omjouwing te ûndersykjen.
De kommende moannen docht Jouke Velstra út namme fan Acacia Water ûndersyk yn Holwert. "We sjogge wat it effekt fan it tijmar is op de omjouwing", sa fertelt hy. "Giet it wetterpeil omheech? Binne der effekten op de perselen derneist? Komt der mear fersilting yn de omjouwing? Op datsoarte fragen wolle wy in antwurd jaan. En we besjogge ek wat je dêr dan oan dwaan kinne."
Foar it ûndersyk wurde gegevens brûkt fan mjitynstallaasjes, dy't in skoftke lyn al pleatst binne yn Holwert en omjouwing. Velstra: "Der stiet ûnder oare apparatuer yn it fjild fan de boeren. Dy mjitte boaiemfocht, it sâltgehalte en it wetternivo yn de perselen. Dan kinne wy hiel krekt sjen hoe't it reagearret. En der binne ek gruttere peallen pleatst op fiif meter djipte. Yn totaliteit kinne wy dan in soad ynformaasje krije oer de omjouwing."

Proses nei realisaasje

It hydrologysk ûndersyk is ien fan de stappen yn it proses rjochting realisaasje fan it projekt Holwert oan See. Wat de finansiering oanbelanget is yntusken 45 miljoen euro binnen, op it totale budzjet fan 63 miljoen euro.
Jan Zijlstra en Jouke Velstra by Holwert. © Omrop Fryslân, Mats Gies
Jan Zijlstra fan de stichting Holwert oan See hat der alle fertrouwen yn dat it restearjende bedrach de kommende tiid ek regele wurdt. "Wy wolle eins earst alles rûn ha, en dan pas begjinne mei de oanbesteging en it graafwurk. Oars is it plan noch net kompleet. Der rinne op dit stuit ek noch mear ûndersiken en dêrnei folget in definityf ûntwerp."
Nei alle gedachten wurdt takom jier begûn mei it fergunningetrajekt. Yn 2023 kin it projekt dan oanbestege wurde. It is de bedoeling dat it tijmar en it trochbrekken fan de seedyk yn 2025 realiteit binne.