Onafhankelijke Senaatsfractie, mei FNP, wol ferkenner leverje

02 apr 2021 - 15:55

De Onafhankelijke Senaatsfractie (OSF) hat oanbean in ûnôfhinklike ferkenner te leverjen foar it regearingsformaasjeproses, no't twa duo's ferkenners de ôfrûne wike opstapt binne. De OSF is it politike platfoarm fan lokale en regionale partijen. De FNP is dêr ek lid fan en steatelid en fraksjefoarsitter Sijbe Knol fan dy partij fynt it in goed idee.

It Binnenhof yn Den Haag - Foto: Shutterstock.com

It opstappen wie nei oanlieding fan it útlekken fan de oantekeningen fan de ferkenners Ollongren en Jorritsma, fan de petearen dy't se hân ha mei de fraksjefoarsitters.

Yn it debat oer de ferkennersperikels is tongersdei in moasje oannaam om in ferkenner mei gesach oan te stellen, en mei genôch ôfstân ta de polityk.

De Onafhankelijke Senaatsfractie hat ien sit yn de Earste Keamer. OSF-senator Ton Raven makke it nijs freed bekend op Twitter.

Steatelid en fraksjefoarsitter Sijbe Knol fan de FNP fynt it in goede saak dat de OSF in ferkenner oanbiede wol. "It is in platfoarm dat wol wat te melden hat, mar ûnôfhinklik tsjinoer dy Twadde Keamer stiet en dus foar dizze rol yn prinsipe poergeskikt is."

Sijbe Knol fan de FNP

(Advertinsje)
(Advertinsje)