4.222 poppen yn Kamp Moarre: ymposant omtinken foar flechtlingebern

02 apr 2021 - 19:11

It is in ymposant gesicht: in stik greide yn Moarre dat grôtfol set is mei selsmakke poppen. Eltse pop stiet symboal foar in bern sûnder âlden yn flechtlingekampen, lykas Moria yn Grikelân. Ut hiel Nederlân wei binne der poppen nei Moarre brocht en freed waarden de lêste poppen pleatst. Yn totaal steane der no 4.222 poppen, makke troch mear as 3.000 minsken.

Lêste poppen by kamp Morra

De poppegreide is eins in statement: it helpen fan de bern soe prioriteit krije moatte by it regear en de Twadde Keamer. It oantal fan 4.222 allinne-reizgjende bern wie earst allinne in getal, mar no hawwe al dy bern in gesicht krigen. De organisaasje fan de poppegreide stelt in brief op en makket in film fan Kamp Moarre om de leden fan de Twadde Keamer bewust te meitsjen fan de omfang fan it probleem.

"Grutter as ússels"

Foar inisjatyfnimmer Wini Weidenaar is it in heftich gesicht, ek al hat sy it mei betocht. "As je der sa tusken steane, besef je dat eltse pop in berntsje is dat allinne stiet. It wie de bedoeling: in your face sjen litte wat de omfang is. Alle kearen wie it wer op it nijs, en wy tochten: hoe kinne wy der no foar soargje dat dy bern it omtinken krije dy't se fertsjinje? Mei freondin Marian van Voorn hawwe wy it eins grutter makke as ússels. Wy woene der ek bern by belûke, want sy geane oer de polityk fan moarn."

Foto: Martijn Heemstra

Probleem besprekber meitsje

De bedoeling fan de aksje wie ek dat de makkers fan de poppen neitinke soene oer it flechtlingebelied. Dat hat fertuten dien, want op skoallen hawwe der aardich wat petearen west. De poppen makken it ûnderwerp besprekber. "Alle kearen as der in pop makke wurdt, dan wurdt der ek praat oer de situaasje yn Grikelân en hoe net-humaan de minsken dêr libje moatte," leit Weidenaar út.

Programma

Freed wie der in spesjaal programma opset, dat fia in livestream te folgjen wie. "De boargemaster fan Noardeast-Fryslân kaam del, Vluchtelingenwerk kaam wat fertellen, der wie ek ien dy't yn Moria west hat en der waard in gedicht foardroegen."

Bysûnder is ek dat alle poppen wer in plak krije. Alteast, it materiaal. Weidenaar: "De klean geane nei Grikelân ta, nei flechtlingekampen. It hout wurdt meinaam troch Landschapsbeheer Friesland foar ringslangpaden. En de ljochtsjes jouwe wy oan skoalbern. Dus alles brûke wy wer op 'e nij."

Ferslachjouwer Lisa Taekema

Femke de Vries fan Vluchtelingenwerk leit út dat in soad flechtlingen oan de rânen fan Europa te krijen hawwe mei 'mentale moedeloosheid.'

Harkje hjir nei har folsleine ferhaal:

Femke de Vries fan Vluchtelingenwerk

(Advertinsje)
(Advertinsje)