273 nije coronabesmettingen yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren

Der binne de ôfrûne 24 oeren 273 nije coronabesmettingen by kaam yn Fryslân. Dat hat it RIVM bekend makke. It binne der 13 mear as woansdei. Doe giet it om 260 besmettingen. De ôfrûne wike binne der gemiddeld alle dagen sa'n 238 nije besmettingen by kaam yn Fryslân.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (66), dêrnei folgje Ljouwert (35) en Smellingerlân (26).
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gin minsken ferstoarn troch it coronafirus. Der wienen twa nije sikehûsopnamen yn ús provinsje. Dat giet om ynwenners fan Súdwest-Fryslân.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Lanlik binne 7.296 nije coronabesmettingen registrearre. Yn trochsneed wiene dat der 7.392 op in dei oer de ôfrûne wike.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.