Appende sjauffeur krijt wurkstraf en rydûntsizzing foar ûngelok Ofslútdyk

02 apr 2021 - 15:01

In man út Boalsert hat in wurkstraf fan 160 oeren krigen en in rydûntsizzing fan in jier, omdat er in ûngelok feroarsake hat wylst er siet te appen efter it stjoer fan syn frachtauto. De man is beropssjauffeur. Hy ried twa jier lyn op de Ofslútdyk efterop in persoane-auto, dy't ôfremme hie foar in file. De minsken yn de auto rekken swier ferwûne.

Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De fertochte hie de file net sjoen. Hy wie op dat momint in foto oan it ferstjoeren nei in kollega. De rjochtbank rekkene it de man swier oan dat er op syn telefoan siet ûnder it riden. In beropssjauffeur hat in ekstra soarchplicht rjochting oar ferkear op de dyk, seit de rjochtbank.

Trefwurden: 
Boalsert Ofslútdyk sjauffeur
(Advertinsje)
(Advertinsje)