Boete en rydûntsizzing foar botsing dy't ûnberne poppe it libben koste

02 apr 2021 - 14:34

In 63-jierrige ynwenster fan Easterwâlde dy't yn 2019 op de brêge oer de Helomafeart by Aldetrine frontaal op in tsjinlizzer botste, is freed troch de rjochtbank yn Ljouwert feroardiele ta in jildboete fan 1.000 euro, in rydûntsizzing fan in healjier en in wurkstraf ûnder betingst fan 90 oeren.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

De ynsitter fan de oare auto, in 34-jierrige ynwenster fan Utrecht, wie 21 wiken swier. Troch de botsing ferlear sy har ûnberne poppe. De frou fan Easterwâlde wie wurch yn 'e auto stapt. Se wie efter it stjoer yn sliep fallen. Op de brêge by Aldetrine seach it slachtoffer de auto fan de fertochte rjocht op har ôfkommen. Se koe allinnich noch hurd op de rem traapje, se koe gjin kant op.

De rjochtbank naam it de frou fan Easterwâlde kwea ôf dat se dochs riden gean wie. "Van bestuurders mag worden verwacht dat ze uitgerust aan het verkeer deelnemen", sei de rjochtbank. De Utrechtse siet tegearre mei har twajierrige dochterke yn de auto. Harren ferwûnings foelen ta. De frou hat it oant de dei fan hjoed dreech mei it ferlies fan har poppe.

Refalidaasje

De rjochtbank stelde ek dat gjinien it ûngelok wold hie en dat de fertochte it der ek dreech mei hat. Sy rekke swierferwûne en hat lang refalidearje moatten. De rjochtbank hold der yn it foardiel fan de Easterwâldster rekken mei dat sy har skuldbewust opsteld hat en dat se net foar har ferantwurdlikens fuortrûn is. De frou hat nei it ûngelok besocht mei it slachtoffer yn kontakt te kommen, mar sy stie dêr nei foar iepen.

De rjochtbank fûn it net nedich om twa jier nei it ûngelok noch in wurkstraf sûnder betingst op te lizzen, sa't it Iepenbier Ministearje easke hie.

Trefwurden: 
ûngelok rjochtbank Aldetrine
(Advertinsje)
(Advertinsje)