Twa Ljouwerters oanholden nei bedriging mei fjoerwapen

02 apr 2021 - 13:44

De plysje hat freed twa Ljouwerters oanholden dy't in stedsgenoat mei in fjoerwapen bedrige ha soenen. Dat barde yn de nacht fan tongersdei op freed oan De Fennen, yn Bilgaard.

In pistoal - Foto: Shutterstock.com

De manlju soenen spul hân ha, wêrby't in man fan 19 bedrige waard troch de oare twa. De plysje hat se letter oanholden oan de Siebe Schootstrastraat. De fertochten binne Ljouwerters fan 44 en 66 jier.

Yn it hûs fan ien fan de twa fertochten fûn de plysje in wapen. De manlju sitte fêst en wurde heard troch de plysje. It ûndersyk is noch oan de gong.

(Advertinsje)
(Advertinsje)