Freedsmerk oer fertrouwen yn Mark Rutte: "Macht maakt geil, hè?"

02 apr 2021 - 13:31

"Wat er de afgelopen dagen en vannacht in Den Haag gebeurde, is pure machtspolitiek. En Rutte wil aan de macht blijven, want macht maak geil, hè?" Dat wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk op de ôfrin fan it fertrouwensdebat yn de Twadde Keamer, yn de nacht fan tongersdei op freed.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Ek oare taksaasjes wiene skerp: "Een beschamende toestand!", "De man is knap demint, as er alles ferjit", "Dit is liege en bedriege, it is ferskriklik!" en "Ik moat earlik wêze, ik ha der mar net nei sjoen, want ik kín der net iens mear nei sjen. It is djip tryst!"

Oare lûden

Dochs wiene der ek oare lûden te hearren. "Je kunt de kapitein wel van het schip donderen, maar hoe komt het dan met het schip?" Ek sei immen dat Rutte fansels ek mar in minske is: "As jo wat âlder wurde, twivelje je wolris. Wat hie ik dêr no ek al wer krekt oer sein? Dat ha ik ek wolris. We moatte dizze man dêr dus ek net op ôfrekkenje."

Fan meardere kanten kaam de opmerking dat hy it op it coronadossier krekt wol hiel goed docht. "Dat soe er dêrom earst wol ôfmeitsje moatte."

Twa VVD-stimmers lutsen in tsjinstelde konklúzje. De iene hie noch altyd fertrouwen en soe fuort wer op Mark Rutte stimme, wylst de oare sei: "Ik heb jarenlang VVD gestemd, maar met al dat liegen, dat vergeten en dat sorry zeggen denk ik: nee, dat moet maar niet meer."

Freedsmerk oer it fertrouwen yn Mark Rutte

(Advertinsje)
(Advertinsje)