Benammen bern en jongerein besmet; minder âlderein ferstoarn

02 apr 2021 - 12:40

Benammen bern en jongfolwoeksenen testen ôfrûne wike posityf op it coronafirus. De measte besmettings yn Fryslân waarden fêststeld by 18- oant 30-jierrigen. Dat meldt GGD Fryslân. Ek by jongeren fan 12 oant 18 jier naam it tal positive tests ta. It tal stjergefallen ûnder âlderein is bot ôfnaam, as gefolch fan it faksinearjen.

Foto: Omrop Fryslân

Dat in soad 18- oant 30-jierrigen posityf teste, is net ferwûnderlik, want sy litte har ek it meast teste. De groep 12 oant 18 jier groeide ôfrûne wike it sterkst, fan 8 persint fan it totaal oantal Fryske besmettings nei 11 persint. Ek by tritigers en fyftigers wie der in stiging. Der wiene folle minder besmettings ûnder sechstigers, fan tsien nei sân persint.

It oantal besmettings yn sikehûzen en oare soarchynstellings bleau ûngefear lyk. Yn it fuortset ûnderwiis wiene 20 persint minder besmettings, fan 132 nei 158. It oantal positive tests by basisskoallelearlingen naam ta fan 175 nei 186. It fynpersintaazje, it oandiel positive tests fan it totaal oantal tests, bleau skommeljen om de acht persint hinne.

Minder stjergefallen

It faksinaasjeprogramma rint al inkelde moannen en neffens GGD Fryslân is no dúdlik merkber dat minder minsken ferstjerre oan corona. Yn maart binne by GGD Fryslân 53 ferstjerrens meld, yn febrewaris 130. Hjir stiet tsjinoer dat de druk op de sikehûzen ûndermindere heech bliuwt. Der wiene dizze wike achttjin nije sikehûsopnames, tsjin alve in wike earder.

Tests

Dizze wike hawwe 17.075 Friezen har by de GGD teste litten op corona. Foarige wike wie dit in rekôrtal fan 18.482. Omrekkene nei ien test de ynwenner hat no de helte fan de befolking him sûnt 1 juny in kear teste litten. Fan 1 juny foarich jier ôf wie it foar eltsenien mooglik om him yn gefal fan klachten teste te litten.

Inkelde apoteken biede sûnt koart selstesten oan. Dy binne neffens GGD minder betrouber as dy fan de GGD. De sûnenstsjinst wiist der dêrom op dat de selstest net bedoeld is foar minsken dy't klachten hawwe of yn de soarch wurkje. Wol kinne de antygenetests de feiligens fergrutsje as minsken harsels teste litte as sy nei skoalle of nei it wurk ta moatte. By in positive test is it advys om dochs noch opnij teste te litten by de GGD.

Mear faksin

Ofrûne wike hawwe 10.160 ynwenners fan Fryslân in faksinaasje krigen by de GGD. De wike dêrfoar wiene dit 11.871 persoanen. Dy delgong is te ferklearjen trochdat der foarige wike neist it faksinearjen yn de fêste lokaasjes prikt is op de eilannen.

De kommende wiken krijt de GGD tûzenen ekstra doses Pfizer-faksin. Hjirtroch binne der yn Ljouwert mear ôfspraken te meitsjen. Wa't dat noch net dien hat, mar wol in útnûging hat, kin dêr gebrûk fan meitsje. Yn totaal binne der no 80.084 prikken set troch de GGD by Friezen, wêrfan goed 52.000 by 75-plussers. Hast 24.000 Friezen hawwe twa prikken hân.

Húsdokters

Takom wike krije de 71- en 72-jierrigen in útnûging fan it RIVM om in ôfspraak te meitsjen foar in faksinaasje. De wike dernei folgje de 69- en 70-jierrigen. Undertusken begjinne de húsdokters ek mei it faksinearjen fan de nije doelgroep fan 60 oant 65 jier. GGD Fryslân stelt dêrfoar priklinen beskikber yn de fakinsaasjelokaasjes.

GGD Fryslân bliuwt faksinearjen, testen en ûndersyk útfieren mei de Peaskedagen.

Foto: Omrop Fryslân

Der stean yn de twadde helte fan april ferskate testeveneminten mei in soad taskôgers op it programma. It giet ûnder oare om fuotbalwedstriden fan SC Cambuur en SC Hearrenfean. "Dat is natuurlijk hartstikke mooi", seit Everhard Hofstra fan GGD Fryslân. Hy wiist der lykwols op dat minsken har dêromhinne noch altyd oan de jildende maatregels hâlde moatte.

It moaie waar soarge der woansdei ek foar dat minsken massaal nei bûten ta giene en inoar opsochten. De parken sieten fol mei sinnesykjende minsken. "Mensen vinden het toch steeds lastiger om afstand te houden", seit Hofstra. "Tuurlijk moeten we genieten van het mooie weer en eropuit gaan. Maar als je ziet dat het druk is, ga naar huis. Anders wordt het risico te groot."

Everhard Hofstra fan GGD Fryslân

Trefwurden: 
GGD Fryslân coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)