Diere-ambulânse hâldt earerûntsje foar deade puppy dy't by Surch fûn waard

02 apr 2021 - 12:50

De diere-ambulânse fan Waadhoeke hat freedtemoarn in eareronde hâlden foar de deade puppy dy't 22 maart fûn waard by in tankstasjon by Surch. De fynst fan it bistje soarge derfoar dat der in soad emosjonele reaksjes by de diere-ambulânse binnen kamen.

Stilte foar deade pup

Op 22 maart waard de harderspup oantroffen njonken in jiske-amer, op in parkearplak njonken it tankstasjon. Hy wie al dea doe't er fûn waard, en hie gjin ferwûnings. It bistje is yn de ôfrûne wike ûndersocht troch de stichting Forensisch Dierenonderzoek Nederland, en dêrnei weromjûn oan de diere-ambulânse Waadhoeke.

Mei in donearaksje is jild ophelle foar in kremaasje. It hûntsje is freedtemoarn oerdroegen oan it dierekrematoarium yn Boalsert. Dêrfoar wie der dus de eareronde en in momint fan stilte, by it fynplak fan de puppy.

Libbenleas ding foar de wet

It liket miskien wat dramatysk om sa grut út te pakken foar in puppy, mar it hat in djipper boadskip, fertelt Aron Levi fan de diere-ambulânse. Se wolle nammentlik omtinken freegje foar de wize wêrop't bisten yn de wet omskreaun steane. Op it stuit is der nammentlik foar de wet gjin ferskil tusken in libbenleas ding, lykas in auto, en in hûn.

Mei de twa minuten stilte en it earerûntsje wolle de frijwilligers fan de ambulânse in sinjaal ôfjaan dat it sa net langer kin. Dêrnjonken wolle se ek sjen nei de mooglikheden om in petysje op te setten, om sa de saak by de polityk op de aginda te krijen.

Harkje nei in petear mei Aron Levi fan de diere-ambulânse

(Advertinsje)
(Advertinsje)