Hoe wurket de ferdieling fan telefyzjejilden foar SC Hearrenfean en Cambuur?

02 apr 2021 - 12:13

In belangrike ynkomsteboarne foar betelle fuotbalklups is it jild dat se krije út de ferkeap fan telefyzjerjochten. Ferline seizoen waard der sa'n 80 miljoen euro ferdield oer 18 klups út de earedifyzje. As Cambuur promovearret, krije sy lykas Hearrenfean ek in bedrach út dizze pot. Mar hoefolle sil it wurde? En wêr is dat fan ôfhinklik?

Foto: Omrop Fryslân

Hearrenfean krige ferline jier 3,86 miljoen euro út de telefyzjepot. De klup stiet achtste op de ranglist. Twa seizoenen lyn stiene se noch sânde, mar FC Groningen hat Hearrenfean ynhelle. FC Groningen krige ferline jier 4,69 miljoen euro, goed acht ton mear as Hearrenfean.

FC Groningen docht it dit seizoen goed en dêrmei liket de kâns lyts dat Hearrenfean kommend seizoen mear jild krijt as FC Groningen. De Grinzers stean no sechsde mei njoggen punten mear as de nûmer tsien Hearrenfean en der binne noch sân wedstriden te spyljen.

Folgjende wike is it wol wer tiid foar de Derby fan it Noarden. As Hearrenfean FC Groningen foarby gean wol op de ranglist foar de telefyzjepot, dan moatte se dit seizoen ien plak boppe de Grinzers einigje.

Ranglist nei it seizoen 2019/2020:

  1. Ajax
  2. PSV
  3. Feyenoord
  4. AZ
  5. Vitesse
  6. FC Utrecht

7. FC Groningen

  • Telefyzjejild nei it seizoen 19/20: 4,69 miljoen (8,3 ton mear as Hearrenfean)
  • Oantal punten nei it seizoen 19/20: 573 punten
  • Persintaazje fan de folsleine pot: 5,90%

8. SC Hearrenfean

  • Telefyzjejild nei it seizoen 19/20: 3,86 miljoen
  • Oantal punten nei it seizoen 19/20: 558 punten
  • Persintaazje fan de folsleine pot: 4,85%

9. Heracles Almelo

  • Tv-jild nei it seizoen 19/20: 3,22 miljoen
  • Oantal punten nei it seizoen 19/20: 522 punten
  • Persintaazje fan de folsleine pot: 4,05%

FC Groningen passearje wurdt dus hiel lestich, mar Hearrenfean moat mear nei ûnderen sjen as nei boppe. Heracles Almelo driget Hearrenfean nammentlik foarby te gean. Der binne trije senario's:

  1. As Hearrenfean boppe Heracles einiget, dan bliuwt Hearrenfrean achtste op de ranglist en krijt it wer minimaal 3,86 miljoen euro;
  2. As Heracles ien plak boppe Hearrenfean einiget, dan ha se likefolle punten. Dan moatte de ploegen it jild ferdiele. Op basis fan it jild út de telefyzjepot fan ferline jier, soe Hearrenfean dan 3,54 miljoen euro krije. Dat is 3,2 ton minder as ferline seizoen;
  3. As Heracles twa plakken boppe Hearrenfean einiget, dan giet de ploech út Almelo Hearrenfean foarby. Op basis fan ferline seizoen giet Hearrenfean dan fan 3.86 miljoen nei 3,22 miljoen euro. Oftewol: 640.000 euro minder.*

Oer it twadde senario sprutsen we mei Marc Rondagh, Business Development Manager by de Eredivisie CV: "De regels voorzien hier niet in. Dat betekent dat als clubs even veel punten hebben, de regels hier niks over zeggen. We hebben dit echter eerder meegemaakt en we gaan er van uit dat we dan hetzelfde principe hanteren. Dat betekent dat beide clubs het bedrag delen."

In kritysk punt fan Heracles Almelo soe wêze kinne dat it lêste seizoen in bepalende faktor spylje moat en dat Heracles Almelo mear rjocht hat op it folsleine bedrach. Rondagh: "Dat kan niet, want het laatste seizoen telt al meer mee in de berekening, dus dat argument is niet juist."

It kaam ien kear earder foar dat twa ploegen itselde oantal punten hie. Dat wie doe SC Cambuur en Go Ahead Eagles beide promovearren en noch gjin punten hienen, omdat se de tsien jier dêrfoar gjin punten pakt hiene.

*De bedraggen binne net de eksakte bedragen, mar nei alle gedachten de minimale bedragen. De lêste jierren giet it totaalbedrach yn de telefyzjepot alle jierren wat omheech en it is tige wierskynlik dat de bedraggen dus noch wat tanimme.

Sjoch hjir nei de berekkening fan de lêste njoggen jier (tusken heakjes it tal punten):

Seizoen FC Groningen SC Hearrenfean Heracles Almelo
2019/20 9e (90) 10e (81) 8e (99)
2018/19 8e (88) 11e (64) 7e (96)
2017/18 12e (49) 8e (77) 10e (63)
2016/17 8e (66) 9e (60) 10e (54)
2015/16 7e (60) 12e (35) 6e (65)
2014/15 8e (44) 7e (48) 14e (20)
2013/14 7e (36) 5e (42) 14e (15)
2012/13 7e (24) 8e (22) 12e (14)
2011/12 14e (5) 5 (14) 12e (7)
Totaal 462 443 433

Hjirûnder litte we de senario's foar nei dit seizoen sjen. Foarbyld: as FC Groningen as 6e einiget, dan pakke se dit seizoen 130 punten en dêrmei yn totaal oer de lêste tsien jier 592 punten. As Hearrenfean as tsiende einiget en Heracles as njoggende, dan ha se dus beide 533 punten.

Senario's nei dit seizoen

Plak yn einstân 2020/21 FC Groningen SC Hearrenfean Heracles Almelo
6e 592 573 563
7e 582 563 553
8e 572 553 543
9e 562 543 533
10e 552 533 523
11e 542 523 513
12e 532 513 503
13e 522 503 493

FC Groningen stiet no sechsde, Hearrenfean tsiende en Heracles njoggende. Njonken it heljen fan de play-offs, stiet der dus noch wol wat op it spul foar Hearrenfean.

Cambuur hopet op De Graafschap en Almere City

Foar SC Cambuur is it by promoasje yn alle gefallen wis dat de ynkomsten út de telefyzjepot tanimme. Mar hoefolle oft dat is, hinget der noch fan ôf wa't der noch mear promovearje. Of net.

Yn de Keuken Kampioen Divisie is ferline jier wat oars besletten as yn de earedifyzje. Omdat it seizoen troch corona ferline jier net útspile wurde koe, kaam der in stimming. Yn de earedifyzje is besletten dat de einstân nei 26 wedstriden foar 100 prosint meitelt. Yn de Keuken Kampioen Divisie waard ek stimd, mar der wiene likefolle klups dy't foar as tsjin stimden. In lykspul dus. Dêrtroch kaam der in kompromis: de stân telt net foar 100 prosint mei, mar foar 75 prosint.

Legere bedraggen

NAC Breda kaam boppe-oan te stean, folge troch Excelsior en NEC Nijmegen. Cambuur stiet fjirde op dy ranglist. Mar de bedraggen dy't ferdield wurde yn de earste difyzje, binne in stik leger as dy op it heechste nivo. Ferline jier wie de telefyzjepot 80 miljoen euro yn de earedifyzje en yn de Keuken Kampioen Divisie 7 miljoen euro.

Mar as Cambuur promovearret, krijt it dus mear jild út de tv-pot. Hoefolle is noch ôfhinklik fan de ploegen dy't promovearre. Ferline seizoen pakte Fortuna Sittard as nûmer 18 op de ranglist 1,94 miljoen euro. De nûmer 17 FC Emmen pakte 1,98 en de nûmer 16 Sparta Rotterdam wie goed foar 2,02 miljoen euro. Dit binne ek de minimale bedraggen dêr't Cambuur op rekkenje kin.

SC Cambuur:

  • 20/21: KKD (1)
  • 19/20: KKD (1)
  • 18/19: KKD (1)
  • 17/18: KKD (1)
  • 16/17: KKD (1)
  • 15/16: 18 (5)
  • 14/15: 12 (28)
  • 13/14: 12 (21)
  • 12/13: KKD (1)
  • 11:12: KKD (1)

Totaal: 61 punten

Mei 61 punten komt Cambuur boppe gjin inkelde ploech út de hjoeddeistige earedifyzje en dus makket it neat út wa't der degradearret. Mar wa't der promovearret, makket wol út. Foar Cambuur is it geunstiger as der njonken Cambuur noch twa ploegen út de Keuken Kampioen Divisie promovearje. Mar it makket ek út wa.

As Almere City (noch nea yn de earedifyzje spile) en/of De Graafschap promovearje, sille dy efter Cambuur einigje op de ranglist foar telefyzjejild. Der binne fjouwer klups dy't better net promovearre meie as it giet om telefyzjejilden: NAC Breda, NEC Nijmegen, Roda JC en Excelsior.

Mar dêr't it by Hearrenfean giet om tonnen, giet it by Cambuur om in foardiel fan tsientûzenen euro's. Mochten bygelyks yn it meast geunstige gefal De Graafschap én Almere City promovearje, dan leveret dat Cambuur minimaal 80.000 euro mear op.

Ta fergeliking de rekkensom by de nûmer twa en trije yn de Keuken Kampioen Divisie op dit stuit:

De Graafschap:

  • 20/21: KKD (1)
  • 19/20: KKD (1)
  • 18/19: 17 (16)
  • 17/18: KKD (1)
  • 16/17: KKD (1)
  • 15/16: 17 (10)
  • 14/15: KKD (1)
  • 13/14: KKD (1)
  • 12/13: KKD (1)
  • 11:12: 17 (2)

Totaal: 35 punten

NAC Breda:

  • 20/21: KKD (1)
  • 19/20: KKD (1)
  • 18/19: 18 (8)
  • 17/18: 14 (35)
  • 16/17: KKD (1)
  • 15/16: KKD (1)
  • 14/15: 16 (12)
  • 13/14: 15 (12)
  • 12/13: 13 (12)
  • 11:12: 13 (6)

Totaal: 89 punten

(Advertinsje)
(Advertinsje)