73 coronapasjinten yn Fryske sikehûzen

02 apr 2021 - 11:33

It tal coronapasjinten yn de Fryske sikehûzen is de ôfrûne dagen in bytsje weromrûn. Ofrûne tiisdei leine der noch 80 coronapasjinten yn ús provinsje yn it sikehûs, dat binne der no noch 73.

Foto: ANP

Dat hat it Acute Zorgnetwerk Noord-Nederland (AZNN) freedtemoarn bekend makke. Sy bringe de sifers twa kear yn 'e wike nei bûten.

It tal pasjinten op de intensive care is lyk bleaun, dat binne der 24. Op de ferpleechôfdielingen lizze der freed sân coronapasjinten minder as by de lêste update fan it AZNN: fan 56 nei 49.

Yn Grinslân lizze der freed 58 coronapasjinten yn it sikehûs, wêrfan 28 op in IC-bêd. Yn Drinte binne dat der 35, wêrfan 15 op in IC-bêd.

Trefwurden: 
sikehûs coronafirus AZNN
(Advertinsje)
(Advertinsje)