Fryske meiwurkers metalektro-sektor hâlde stakingsaksjes

02 apr 2021 - 11:15

Metalektro-meiwurkers yn Fryslân lizze takom tiisdei en woansdei harren wurk del. It personiel giet yn in staakstoet troch It Hearrenfean, De Gordyk en Snits. Op dy wize wolle se druk útfiere op wurkjouwersorganisaasje FME, sadat dy oer de brêge komt mei in earliker cao.

Foto: ANP

Der wurdt ûnder mear staakt by Accell op It Hearrenfean, DEJONG op De Gordyk, Quadient yn Drachten, Spaans Babcock yn Balk, Hubert yn Starum en Stork Turbo Blading en Kwant Controls yn Snits. It staken bart yn ferbân mei de coronamaatregels yn saneamde staakstrjitten, dêr't mei de auto trochhinne riden wurdt.

Werom yn de tiid

Yn Snits en op It Hearrenfean en De Gordyk sette tiisdei en woansdei staakstoeten ôf rjochting de staakstrjitte, mei foarop in âlde DAF. De âld wein stiet symboal foar wat de wurkjouwers neffens de metalektro-meiwurkers wolle: werom yn de tiid. "Een 9-urige werkdag, zwaar werk doen wanneer de baas het wil en door tot 67, of tot je erbij neervalt", seit Wilma Nieveen fan FNV Metaal.

Foar de tolfde wike op rige wurdt der op ferskate plakken yn it lân staakt. Neffens fakbûnen FNV en CNV misbrûke de wurkjouwers de coronakrisis. "Nu de jaarcijfers over 2020 bekend worden, zien we dat het, ondanks corona, voor veel bedrijven in de sector een goed jaar was. Verschuilen achter de coronacrisis kan dus niet meer", seit Nieveen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)