A7 rjochting Grins diels ôfsletten fanwegen kantele oanhinger

In kantele oanhingwein soarget freedtemoarn op de A7 by Drachtsterkompenije foar in soad fertraging. De dyk is diels ôfsletten yn ferbân mei de bergingswurksumens, wêrtroch't der flinke file ûntstie yn 'e rjochting fan Grinslân.
© De Vries Media
De oanhingwein kaam bryk te stean achter de auto. Hoe't dat barre koe, is net dúdlik. Yn de oanhingwein sieten houten balken. Der rekke gjinien ferwûne by it ûngelok, mar de auto en de oanhinger rekken flink skansearre.
Foar de berging is de sneldyk foar in part ôfsletten. It ferkear wurdt omlaat. De wurksumens duorje nei alle gedachten oant 13.00 oere.