WEROMBLIK: 100ste bertedei fan skriuwster Tiny Mulder

02 apr 2021 - 10:00

It is dizze freed 2 april eksakt hûndert jier lyn dat de Fryske skriuwster en dichteres Tiny Mulder berne waard. We sjogge dêrom mei ynterviews en reportaazjes werom op har libben en wurk. Tiny Mulder (1921-2010) skreau foar bern, makke gedichten, ferhalen en romans.

Foto: Omrop Fryslân

Tiny Mulder waard berne yn Beetstersweach. Se groeide op yn in Hollânsktalige húshâlding en wenne as bern op ferskate plakken bûten Fryslân. Doe't se trettjin jier wie, ferhuze de famylje Mulder nei Drachten. Tiny learde doe Frysk praten, foar lêzen en skriuwen folge se in kursus. Yn 1949 troude se mei kollega-sjoernalist by de Leeuwarder Courant Jildert Sudema (1923-1998), se krigen twa bern. Se wurke fan 1945 oant har pensjoen yn 1985 by it Friesch Dagblad as sjoernalist. En se wie resinsint by de RONO (foarrinner fan Omrop Fryslân).

Har earste fersebondel kaam út yn 1962, Oranje paraplu. Yn 2001 is har dichtwurk útbrocht yn de sammelbondel Bitterswiet, by de gelegenheid fan de tachtichste jierdei fan de dichteres. "Ik ha eins altyd wol skreaun en ik hie dalik wol nocht oan poëzy. Ast in jier as 16 bist, binne dat de Tachtigers Jacques Perk en Willem Kloos. En dy skreau ik dan op yn sa'n moai stiif skrift as ik se hiel moai fûn. En doe bin ik sels ek begûn myn eigen derachteroan te skriuwen. En dat rymde earst wol, mar ik hie net it gefoel dat dat no myn styl, myn manier fan wurkjen wie. Dat fûn ik eins pas nei 1945 út", sei Tiny Mulder yn 1989.

Skeppingsproses

In faak weromkommend tema yn it wurk fan Tiny Mulder is har fassinaasje foar skeppingsprosessen. Yn de syklus Oh in stêd, ah in lân (1983) is dat it skeppen fan in bestean fan minsken dy't ûnder ûngeunstige omstannichheden in bestean opbouwe. It meitsjen fan poëzy is ek in skeppingsproses.

"De bondel is in persoanlike ferwurking fan de skiednis fan West-Europa lizzend tusken Fenetië en Fryslân. Beide plakken dy't út it wetter ûntstien binne en tsjin it wetter ferdigene wurde moatte. Foar myn persoanlik plak yn dy skiednis. Je stean altyd op de skouders fan minsken, fan minsken dy't wat boud ha, wat makke ha. Ik meitsje en bou ek wat, wat plak ha ik dêr no yn? Doe ha ik dy syklus skreaun. Dat fûn ik moai, ambachtlik wurk", sei se dêroer yn 1989.

Gysbert Japicxpriis

Yn 1986 krige se foar har hiele literêre oeuvre de heechste literêre priis, de Gysbert Japicxpriis, yn it bysûnder foar de syklus Oh in stêd, ah in lân.

Foto: Tresoar

Twadde Wrâldoarloch

Tin iis út 1981 is de bekendste roman fan Tiny Mulder. Yn it boek beskriuwt se har eigen ûnderfinings as koerierster yn de Twadde Wrâldoarloch, mar it is ek in earbetoan oan har heit en mem dy't in Joadsk bern ûnderdak joegen.

"Ik tocht fan mysels: ik bin in ferhaleferteller, gjin romanskriuwer. Mar ik lies nochal wat boeken oer de oarloch en dat wie fan helden sus en fan helden sa. En sterke stikken en it gie allegear oer manlju en jonges en sa. En doe tocht ik: der is troch de froulju in hiel soad bard en hiel wichtich wurk yn it rêden fan minsken dêr't it yn it ferset dochs om begûn wie. Sokke helden wiene we mei elkoar net. Boppedat fûn ik te min emoasje, echte emoasje yn dy boeken. Bygelyks: ús mem naam in Joadsk bern yn 'e hûs dat bleaun is oant de befrijing. Dy âlden ha it ek oerlibbe en dan giet it wer. Mar dy emoasjes dy't dermei ferbûn binne, dat jo in bern fan in jier as sân, acht samar yn hûs nimme, dat wer in bytsje in normaal libben ha moat en datst nei goed twa, trije jier wer ôfstean moatst. Doe tocht ik: dat wit ik noch en no moat ik sitten gean om te skriuwen" sei se yn 1989.

Tiny Mulder fertelt yn dit fragmint út 1989 dat se in hiel soad reaksjes op it boek Tin iis krige:

Se krige in hiel soad reaksjes op it boek:

Yn it telefyzjeprogramma Skriuwers yn Byld prate Tiny Mulder yn 1989 wiidweidich oer har wurk.

Besjoch de hiele útstjoering:

Sjoch foar mear ynterviews mei Tiny Mulder nei dit programma út 1996 en dizze reportaazje oer de bondel Bitterswiet út 2001 op Weromrop.

Yn 1986 makke Van Gewest tot Gewest in reportaazje oer dichterselefoan Operaesje Fers:

Tiny Mulder yn in reportaazje fan Van Gewest tot Gewest út 1968 oer dichterstelefoan Operaesje Fers:

Sjoch ek op literatuerwebside sirkwy.frl foar it dossier 100 jier Tiny Mulder.

(Advertinsje)
(Advertinsje)