Online petysje tsjin nije gaswinning yn Tytsjerksteradiel

02 apr 2021 - 09:56

'Gjin gegriem yn Fryske grûn!' Dat is it boadskip fan in online petysje fan sân fraksjes yn de Provinsjale Steaten tsjin nije gaswinning yn Tytsjerksteradiel en neistlizzende gemeenten. De partijen wolle in ein meitsje oan de gaswinning út lytse gasfjilden. Bedoeling is dat de petysje aanst oanbean wurdt yn Den Haag.

Gaswinning yn Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Lokale en regionale oerheden sprutsen har mei in advys oan it ministearje fan Ekonomyske Saken earder al út tsjin de plannen fan gaswinner Vermilion. De fraksjes fan FNP, PvdA, GrienLinks, SP, Partij voor de Dieren, 50PLUS en D66 yn Provinsjale Steaten hoopje dat de ein yn sicht is foar gaswinning no't der in nij kabinet socht wurdt dat mooglik ek in duorsumer paad ynslaan wol.

"De Ryksoerheid ferlient en ferlinget op it stuit allegeduerigen fergunningen, tsjin de winsk fan de lokale befolking yn. It mynboubelied fan de Ryksoerheid docht skea oan it betrouwen fan boargers út de noardlike provinsjes yn de oerheid", sizze de wurdfierders fan de partijen. Der moat neffens harren in ein komme oan de boaiemdelgong, de skea oan de wetterhúshâlding, de lânbou, de natuer en de fersakjende huzen en bedriuwen.

"En wat betsjut dit foar de feiligens fan de drinkwetterwinning fan Vitens? Fierdere gaswinning makket ek de oerstap nei in fossylfrije takomst minder leauwensweardich. Gjin gegriem yn Fryske grûn!", sizze de wurdfierders.

Fragen

Yn alle belutsen gemeenterieden, Provinsjale Steaten, it Wetterskip en de Twadde Keamer binne al fragen steld. Doarpsbelangen komme yn it ferwar. De provinsje Fryslân hat al jierren it stânpunt dat nije gaswinning net winsklik is en hat dat mei de gemeenten en it Wetterskip yn it Manifest fan Fryske Oerheden oer Gas- en Sâltwinning dúdlik útsprutsen.

De rol fan de gemeenten en de provinsje is lykwols beheind by de ferliening fan mynboufergunningen. Neffens de Mynbouwet wurde gemeenten en provinsjes by nije of oanpaste fergunningen troch it ministearje fan Ekonomyske Saken inkeld frege om in advys te jaan.

Boargers hooplik mear ynfloed

"Deputearre Steaten dogge harren bêst om gaswinning te kearen, mar wurde ivich en altyd 'overruled' troch Den Haag. Sy lûke har neat fan ús fragen en beswieren oan en dêrom hawwe wy no dy petysje opset", seit Steatelid Wopke Feenstra (FNP). "Dan kin de Fryske befolking dy ûndertekenje en harren lûd hearre litte yn Den Haag."

Wopke Feenstra fan de FNP

(Advertinsje)
(Advertinsje)