Anouska Koster mei nije ploech yn Ronde van Vlaanderen: "Hiel spesjale koersen"

02 apr 2021 - 09:30

Ferjit Wout van Aert, Primoz Roglic en Steven Kruiswijk. Yn de hurdfytsploech fan Jumbo-Visma sitte fan dit seizoen ôf nammentlik ek twa Friezen. Njonken de manlju is der no ek in frouljusploech mei dêryn Aafke Soet fan It Hearrenfean en Anouska Koster fan De Westereen. Dy lêste hopet harsels snein sjen te litten yn de Ronde van Vlaanderen, de meast prestizjeuze hurdfytsklassiker fan België.

We sykje Anouska Koster op by in trainingsrit troch Fryslân:

Koster ried de lêste jierren foar meardere grutte ploegen, mar komt fan dit jier ôf dus út yn it giel-swart fan Jumbo-Visma. Neffens de rydster fan De Westereen is it goed dat de sponsor ek begûn is mei in frouljusploech. "Kwa profesjonaliteit is it hiel belangryk, dat giet omheech. Der binne al in pear goeie frouljusteams yn Nederlân, mar dit is wol wer ien ekstra der by."

Yn it hurdfytsen kinne we by de manlju net om Jumbo-Visma hinne. Primoz Roglic wûn de Vuelta en Wout van Aert skriuwt it iene nei it oare sukses by. Dêrfan kinne de froulju wer profitearje, sa fertelt Koster. "Dêr kinne wy op meiliftsje. De kennis dy't se hawwe, kinne se oerbringe op ús. Kwa fieding, training en begelieding. Dat binne trije dingen dy't fan hiel grutte wearde binne."

Friezen yn it peloton

Troch it ophâlden fan Pieter Weening ride der op it heechste nivo by de manlju gjin Friezen mear mei yn it peloton. By de froulju binne njonken Anouska Koster noch trije Friezinnen aktyf yn it peloton. Twa fan harren ride snein ek de Ronde van Vlaanderen. Dat giet om Danique Braam fan Feanwâlden, dy't rydt foar Lotto-Soudal. Ek Nicole Steigenga fan Eksmoarre fan de Doltcini-Van Eyck Sport-ploech komt snein yn aksje. Dat jildt net foar Aafke Soet fan It Hearrenfean. Se is in ploechgenoate fan Koster by Jumbo-Visma, mar docht snein net mei oan de Ronde van Vlaanderen.

Foto: Omrop Fryslân, Mats Gies

We treffe Koster by in trainingsritsje troch Fryslân. By Earnewâld makket se har kilometers en dat is mei in reden: "Ik fyn it in prachtich gebiet om te trainen. It is hjir lekker rêstich en it is in moai natuergebiet. Yn Limboarch hast de heuvels en it klimmen, mar dit fyn ik ek wol hiel moai."

De Ronde van Vlaanderen wurdt snein foar Koster har fiifde wedstriid fan it seizoen. Earder ried se twa Belgyske wedstriden (Omloop Het Nieuwsblad en Dwars door Vlaanderen) en twa Italiaanske koersen (Strade Bianche en Trofeo Alfredo Binda). Yn de prizen foel Koster noch net, mar se liet har wol sjen yn kopgroepen en troch te besykjen fuort te kommen.

Dat is mei in reden. Want dit binne wedstriden dêr't de 27-jierrige Koster foar libbet. "De klassikers fyn ik altyd hiel moai. Dat binne hiel spesjale koersen. Ik bin wol ien fan de koartere klimkes, dat leit my wol. Ik ha der in protte nocht yn", fertelt se oan de foarjûn fan de Ronde van Vlaanderen. Se sil lykwols net foar eigen kânsen ride meie snein. De kopfrou fan de ploech is Marianne Vos. "Ik sil der alles foar dwaan om dy sa goed mooglik nei de finale te loadsen. Ik wol dêr sa fier mooglik wat yn betsjutte."

Nei de Ronde van Vlaanderen sil Koster oer twa wiken yn eigen lân koerse: dan stiet de Amstel Gold Race op it programma.

(Advertinsje)
(Advertinsje)