Kollum: "In dei gjin likes is in dei net libbe"

02 apr 2021 - 08:27

"Fan 'e wike wie der in programma op 'e telefyzje oer trije famkes dy't vloggers binne en âlden dy't dêr bot by belutsen wiene. No is it meastal sa datst as âlder by dyn bern belutsen bist, mar yn dit gefal wiene se net allinnich heit en mem mar ek manager, sjauffeur, kameraman/frou, ensafh. Se diene der werklik alles oan om der foar te soargjen dat de YouTube-karriêren fan harren dochters suksesfol wiene en hiene it dêr smoardrok mei.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Hilda Talsma

Ik haw der mei fernuvering nei sjoen, mar ik ha ek besocht der sûnder oardiel nei te sjen. Ik jou ta dat it net maklik wie en út en troch siet ik skodholjend op 'e stoel. It jongste famke, Jaydie, wie noch mar trije jier. Se seach der hiel skattich út mar hie ik earder it gefoel dat de mem graach woe dat har dochter in YouTube-stjer wie.

Sy betocht alles, makke de filmkes en se giene ek mei Jaydie nei in YouTube-gearkomste. Wylst it famke by har heit op it skouder siet, wie de mem konstant oan it filmjen. Jaydie gong mei eltsenien op 'e foto en like dat wol prima te finen. It wie in hiel skrander famke mar út en troch fûn ik har ek krekt in dressearre aapke. 'Hier heen kijken, duimpje omhoog, denk aan je kin, gezicht iets lager, goed duidelijk praten.' Jaydie die it braaf en hie al mear as 1.000 folgers.

Jaylinn fan 9 jier hie al goed 5.000 folgers. Har heit makke de filmkes wylst sy boartersguod útpakte en dêr wat oer fertelde. Mar har views waarden op in bepaald momint minder dus moasten se wat betinke om in grutter publyk te lûken. Ik leau wol dat Jaylinn sels op YouTube woe, mar de heit wie ek behoarlik fanatyk!

Nina wie it âldste famke. Sy wie 12 jier, hie al 134.000 folgers en har mem wie har manager wurden. Nina makke de hiele dei oeral filmkes fan en se woe ek geregeld op de foto. Se wiene ek by oft oare meet and greet en op alle foto's hie se itselde ûnnoazele prûllipke datst wol faker sjochst by dy famkes. Dat it skynber reedlik normale libben fan immen sa nijsgjiriich is om te folgjen, begryp ik net en ik bin te âld om it noch foar de geast te krijen.

Dêrom fyn ik eins ek dat ik hjir net oer oardielje kin. Doe't ik jong wie, hiene we gjin mobile telefoans en wie it ek net normaal om sa faak op de foto te kommen. Filmkes wiene hielendal in útsûndering dus yn myn belibbing wiene wy folle minder mei ússels en it uterlik dwaande. Seachst dysels eins allinnich foar in spegel en dat wie mar in pear kear op in dei.

Bern binne no folle mear mei uterlik fertoan en harsels dwaande, troch dy mobile telefoans. De godgânske dei selfies meitsje en dei net genôch likes is in dei net libbe. Dochs lykje se it aardich te finen en bewege se harren frij foar de kamera. Se prate ek in stik makliker as ik doe't ik sa âld wie en ha der gjin muoite mei yn 'e belangstelling te stean.

De âlden yn dizze dokumintêre lieken hiel grutsk op harren bern te wêzen en se waarden thús bytiden behannele as filmstjerren. Dochs freegje ik my ôf oft soks no goed is foar dyn eigenwearde of krekt net. Doe't de dokumintêre ôfrûn wie, hie ik bêst wol begrutsjen mei dizze famkes. As de start fan dyn libben al sa bot draait om safolle mooglik views en likes, dan hâld ik myn hert fêst foar de takomst."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)