Foarsitter VVD Fryslân: "Situaasje fertsjinnet gjin 'schoonheidsprijs'"

02 apr 2021 - 07:58

"Wat de ôfrûne wiken bard is, fertsjinnet absolút gjin 'schoonheidsprijs'". Dat seit VVD Fryslân-foarsitter Zwany van Brussel nei oanlieding fan it hektyske Keamerdebat tongersdeitejûn. Premier Mark Rutte (VVD) kaam swier ûnder fjoer te lizzen fanwegen syn rol yn it minne begjin fan de formaasje. Hy oerlibbe in moasje fan wantrouwen, mar de folsleine Twadde Keamer stipe in moasje fan ôfkarren. "In gaoatyske situaasje."

Foto: Omrop Fryslân

In situaasje dy't neffens Van Brussel absolút net goed is foar it betrouwen fan boargers yn de polityk. "Twa wike lyn brochten in protte minsken harren stim út. Dy hege opkomst jout oan dat minsken har belutsen fiele by de polityk. Wat der dan in wike letter bart, is net goed. Dat docht ôfbrek oan dat betrouwen."

Moasjes

Mar wat barde der krekt? Rutte moast djip troch it stof nei't bliken die dat hy dochs CDA-Keamerlid Pieter Omtzigt bepraat hie mei âld-ferkenners Ollongren en Jorritsma. In soad partijen fertinke Rutte derfan dat hy de krityske Omtzigt fuort besocht te wurkjen. Rutte sei lykwols, krekt as Ollongren en Jorritsma, dat hy in petear oer Omtzigt net heuge koe. Dêr leauden de oare partijen neat fan.

Opposysjelieder Geert Wilders kaam mei in moasje fan wantrouwen tsjin Rutte om syn "leugens en bedrog". De folsleine opposysje stipe dy. D66 en CDA tsjinnen in moasje fan ôfkarren yn. Dy waard stipe troch hast de folsleine Twadde Keamer. "It is dúdlik dat it betrouwen in flinke dûk oprûn hat", seit Van Brussel.

Betrouwensbrek

"Je binne en bliuwe de grutste partij, mar dy betrouwensbrek feroaret je ûnderhannelingsposysje en dêr moatte je oan wurkje. Se sille no neitinke moatte oer hoe't se it oplosse sille." Dat wurde lestige petearen, erkent Van Brussel. "Mei elkoar is no ôfpraat dat der ien ûnôfhinkliker ferkenner oansteld wurdt en dat der wer ien opnij begjint dy't bûten de partijen stiet."

Alderearst moat dus it betrouwen werom wûn wurde. "Dêr moatte je hurd oan wurkje. Dat is hiel simpel", seit Van Brussel. "Hoe't dat fierder ôfrint, wit ik ek noch net."

Zwany van Brussel, foarsitter fan VVD Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)