Fûgels krije feilige haven op spesjaal briedponton yn Lauwerseach

It leefgebiet fan de noardske stirn en de fiskdief stiet ûnder druk. It oantal kwelders is de lêste 100 jier stadichoan ôfnaam, wêrtroch't der minder romte is om te brieden. Boppedat binne predatoaren in grut probleem. Der komt dêrom, middenyn de haven fan Lauwerseach, in spesjaal ponton dêr't de fûgels harren aaien op útbriede kinne.
Fûgels krije in feilige haven
It briedponton is makke fan in âld dekskût dy't út 'e feart helle is. It is foarsjoen fan gryn, mar ek buizen foar de beskutting fan pykjes en skulpen foar it nesseljen. "Ratten moeten er niet op kunnen, dus er zijn speciale kragen gemaakt rondom de ankerkettingen", fertelt Harm Post, direkteur fan de haven fan Lauwerseach. "En er is een opstaand hekje, zodat de jonkies er niet af kunnen vallen." Om dúdlik te meitsjen dat fûgels der briede kinne, wurde der fiif houten lokstirnen delset.

Pilot

It projekt is in pilot fan Rykswettersteat om te sjen oft de pontons bydrage kinne oan it werstel fan de fiskdief en de noardske stirn yn it Waadgebiet. Dat der hieltyd minder fan dizze fûgels binne, komt ûnder mear trochdat der te min feilige briedlokaasjes binne. Fanwegen it behâld fan in natuerlike Waadsee kinne der gjin keunstmjittige briedlokaasjes yn oanlein wurde. Yn in haven kin dat lykwols wol.
"Een groepje mensen, onder wie de milieuorganisaties en de ondernemers in de haven, hebben nagedacht over hoe we de natuur in de haven konden verbeteren én aan het publiek duidelijk konden maken. Uit die koker is dit idee gekomen", fertelt Post. "Vervolgens is Rijkswaterstaat aan boord gekomen om het plan te realiseren."

Duorsume haven

De ûntwikkelings yn it projekt wurde goed yn 'e gaten hâlden en as it in sukses is, kin it bydrage oan in duorsumere haven. "We gaan twee keer per jaar tellen hoeveel broedpaartjes erop zitten en hoeveel jonkies ze groot hebben gebracht. Dat is makkelijk, want het ponton ligt in het begin van de haven.
It projekt is in gearwurking tusken Rykswettersteat, de Waadferiening, de haven fan Lauwerseach, de Fûgelbeskerming en NG Shipyards, yn it ramt fan it programma 'Duurzame haven Lauwersoog'.
Harm Post, direkteur fan haven Lauwerseach
Briedponton by Lauwerseach, mei lokfûgels foar de stirnzen © Omrop Fryslân, Remco de Vries