Wykoersjoch: tal coronabesmettingen stabilisearre ôfrûne wike

It tal coronabesmettingen dat dizze wike yn ús provinsje meld is ferskilde net bot fan de wike derfoar, mar gie wol krekt wat omleech. Dizze wike wiene it der 1.651, tsjinoer 1.666 ferline wike. Ek it tal stjergefallen as gefolch fan it coronafirus gie wat omleech: fan 10 nei 7.
© Omrop Fryslân, Sian Wierda

Measten wer yn Súdwest-Fryslân

De measte besmettingen binne dizze wike meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân: it giet om 314 besmettingen. In wike lyn wienen dat der 309. Nei Súdwest-Fryslân folget Ljouwert mei 245 besmettingen. Dat wiene der in wike lyn noch 222.
Omrekkene nei it tal ynwenners sjitte Eaststellingwerf en Súdwest-Fryslân derboppeút. Yn Eaststellingwerf waarden 361 besmettingen op 100.000 ynwenners fêststeld, yn Súdwest-Fryslân 349. Ek Noardeast-Fryslân sit noch heech: 343 op 100.000 ynwenners.
Mei mear as 250 besmettingen per 100.000 ynwenners is der neffens it RIVM sprake fan 'extreem veel' nije besmettingen. Dan jildt it risikonivo 'zeer ernstig'. Dat is yn Dantumadiel, De Fryske Marren, Noardeast-Fryslân, Eaststellingwerf, Súdwest-Fryslân en Tytsjerksteradiel it gefal yn de ôfrûne wike. As it tal besmettingen yn de wike tusken de 100 en 250 per 100.000 ynwenners leit, is de situaasje 'ernstig'.

Mear as 33.000 Friezen corona hân

Mei de 1.651 positive testen fan de ôfrûne wike is no yn totaal by 33.053 Friezen it coronafirus fêststeld.
It tal stjergefallen gie neffens it RIVM wat omleech: fan 10 nei 7 yn Fryslân. It offisjele stjertesifer yn Fryslân yn ferbân mei it coronafirus leit no op 448. It werklike tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net eltsenien test wurdt. Dêrom is net fan elk stjergefal bekend oft dat oan it firus lei of net.
Sjoch foar mear sifers en foar grafiken oer it coronafirus op ús dossierside.

Wyklikse besmettingen en stjergefallen

WIKE BESMETTINGEN STJERGEFALLEN
26 maart - 1 april 1.651 7
19 maart - 25 maart 1.666 10
12 maart - 18 maart 1.611 10
5 maart - 11 maart 1.180 16
26 febrewaris - 4 maart 1.162 19
19 febrewaris - 25 febrewaris 1.350 21
12 febrewaris - 18 febrewaris 1.129 39
5 febrewaris - 11 febrewaris 1.207 41
29 jannewaris - 4 febrewaris 1.181 30
22 jannewaris - 28 jannewaris 1.310 29
15 jannewaris - 21 jannewaris 1.592 20
8 jannewaris - 14 jannewaris 1.529 18
1 jannewaris - 7 jannewaris 1.697 17
25 desimber - 31 desimber 1.644 19
18 desimber - 24 desimber 1.804 5
11 desimber - 17 desimber 1.384 6
4 desimber - 10 desimber 974 4
27 novimber - 3 desimber 703 9
20 novimber - 26 novimber 672 13
13 novimber - 19 novimber 720 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0