Fryske Kultuerpriis 2020 fan De Fryske Marren nei Stoffel Zandstra

Stoffel Zandstra fan De Lemmer hat de Fryske Kultuerpriis 2020 fan De Fryske Marren wûn. Zandstra is nominearre troch ferskate persoanen en ferieningen út it doarp. Hy is aktyf as sjonger, skriuwer fan strips oant teäterstikken, produsint en muzikant. Hy brûkt net allinnich it Frysk, mar hat der mei syn kompanjon Wim Swart foar soarge dat der in nije ympuls jûn is oan de eigen 'doarpstaal', it Lemsters.
© Gemeente De Fryske Marren
Zandstra krige fan wethâlder taalbelied Luciënne Boelsma in sjek fan 750 euro. Gewoanwei wie it tradysje dat de Fryske Kultuerpriis útrikt waard op de nijjiersresepsje fan de gemeente, mar fanwegen it coronafirus koe dat net trochgean.
Gemeente De Fryske Marren jout de priis alle jierren oan it bêste, moaiste of meast nijsgjirrige Fryske kulturele inisjatyf.