Aris Ljouwert slút hektyske dei ôf mei kânsleaze nederlaach tsjin hikkesluter

01 apr 2021 - 21:46

Aris Ljouwert hat de meast hektyske dei út de histoarje fan de klup net ôfslute kinnen mei in sportive opstekker. Op besite by hikkesluter The Hague Royals waard kânsleas ferlern: 72-49.

Foto: Orange Pictures

Earder op tongersdei waard bekend dat meardere âld-spilers fan Aris Ljouwert wurde fertocht fan it mei opset ferliezen fan fjouwer wedstriden. Se soene gearwurke ha mei Súd-Koreaanske gokkers. Dat melde de NOS. De gokkers soene tsientûzenen euro's ynset ha op de basketbalwedstriden.

De Ljouwerters makken yn it earste kwart mar fjouwer punten en dêrmei wie de wedstriid doe al sawat beslist, om't The Hague Royals mei santjin punten in stik produktiver wie. Yn it twadde kwart waard it gat allinnich mar grutter. By it skoft stie der in romme efterstân op it skoareboerd: 31-15.

Yn de twadde helte kaam Aris wol wat better yn it spul, mar it wie net genôch om Den Haag de baas te wêzen. Beide kwarten foelen út yn it foardiel fan de thúsploech. De einstân waard úteinlik 72-49.

Troch de nederlaach stiet de ploech fan Ferried Naciri no dield op it lêste plak yn de ferliezerspûl. Aris hat krekt as The Hague Royals en Almere Sailors seis punten út sechstjin wedstriden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)