Fryske rydskoallen yn aksje tsjin CBR: "Sy skowe it ús yn de skuon"

01 apr 2021 - 21:28

Fryske rydskoallen binne tongersdeitejûn yn aksje kaam. Sa'n 30 rydskoallen sammelen har op in parkearterrein yn Snits om stickers op de auto te plakken. Sy wolle hjirmei in statement meitsje tsjin it CBR (Centraal Bureau Rijvaardigheidsbewijzen).

Foto: Omrop Fryslân

Troch it coronafirus moatte der sa'n 600.000 eksamens ynhelle wurde. Dat komt boppe op de 1,5 miljoen eksamens dy't elts jier ôfnaam wurde. De wachttiden foar de eksamens wurde hieltyd langer. Sa kin it no wol 20 wiken duorje foardat je ôfride kinne. It CBR wol dit oanpakke troch de leeftiid foar de eksamens te ferheegjen nei 18 jier. In oerwaging dêr't de rydynstrukteurs net bliid mei binne.

Foto: Omrop Fryslân

Dêrom hat in groep rydynstrukteurs yn Fryslân in aksje betocht. Troch stickers op de lesauto's te plakken wolle se sjen litte dat de maatregelen fan it CBR net kinne. Willem de Boer fan Blauhús is rydynstrukteur en docht mei oan de aksje. "Wy wolle graach in statement meitsje nei it CBR. Sy wolle dat rydskoallen better harren bêst dwaan moatte. Ast sjochst hoe folle wy draaie moatte om in bytsje in bestean te hâlden, dan binne wy der net sa wei fan om dit soarte dingen te hearren", seit De Boer.

"Sanksjes oplein"

It CBR wol dat de rydskoallen it persintaazje fan slagge minsken omheech helje. As dat net bart sil it CBR de leeftiid foar it eksamen ferheegje nei 18 jier. Ek wolle sy tydlik ophâlde mei de faaleangst-eksamens. Ek dêr stean de rydskoallen net efter. De Boer: "Wy wolle it persintaazje ek omheech hawwe, dêr binne wy foarstanner fan. Mar dizze sanksjes lizze sy ús op. Dat fine wy net leuk. Sy skowe it by ús yn de skuon, mar eins is it harren probleem."

De Boer hopet dat de aksje lanlik grut wurdt en dat it CBR mei de rydskoallen yn petear giet. "It CBR kin it ek yn oerlis mei ús dwaan. As lyts groepke út Snits kinst net sa folle, mar dy groep is folle grutter. Wy moatte it mei ús allen dwaan."

Rydynstrukteur Willem de Boer fan Blauhús

(Advertinsje)
(Advertinsje)