Wat as foto's yn ferkearde hannen falle? Chat met Fier yn Ljouwert helpt

01 apr 2021 - 20:14

Sjonger Bilal Wahib rekke ferline wike yn opspraak nei't er op Instagram in 12-jierrige jonge frege om syn broek omleech te dwaan. In soad minsken skrokken der fan, mar nij is soks net, sizze helpferieners fan Chat met Fier yn Ljouwert. 'Sexting' - it dielen fan bleatfoto's - is ek net perfoarst ferkeard, seit teamlieder Johannes Dijkstra. It heart ek by dizze tiid. Mar as it wól ferkeard giet, is it neffens Dijkstra goed om te witten dat der anonym help mooglik is by Chat met Fier.

Foto: Shutterstock.com (ComicSans)

"Wat we in het nieuws horen zijn vooral de keren dat het niet goed gaat," seit Dijkstra fan de Ljouwerter organisaasje. "Maar jongeren zijn natuurlijk bezig om online hun seksualiteit te ontdekken. Dat is gewoon iets wat bij deze tijd hoort, op zichzelf is het niet verkeerd. De on- en offline wereld zijn steeds meer met elkaar verweven. De jeugd is vele uren per dag online, daar ontwikkelen ze zich natuurlijk óók. En dat gebeurt ook op het gebied van seksualiteit door bijvoorbeeld foto's naar elkaar te sturen."

Seksualiteit ûntdekke

Dat wol Dijkstra dus wol mei klam sizze: "Het is mooi dat jongeren op zo'n manier hun seksualiteit kunnen ontdekken." Mar dat is it allinne as it yn lykweardigens bart, stelt hy. "Zonder scheve machtsverhouding in bijvoorbeeld leeftijd of positie. Als beelden doorgestuurd worden, kan het wel heftige gevolgen hebben. Die scheidslijn is online wel dun."

Johannes Dijkstra, teamlieder by Chat met Fier

Der oer prate

As it dan wol ferkeard giet en bleatfoto's yn ferkearde hannen falle, komt dêr neffens Dijkstra faak skuld, skamte en eangst by sjen. "Soms kan iemand onder druk worden gezet, door bijvoorbeeld te dreigen beelden door te sturen. Jongeren willen bijvoorbeeld niet dat hun ouders het te zien krijgen. Dus de eerste grote stap is om er over te praten."

Dat kin by Chat met Fier dus ek anonym. "We kunnen daarna kijken hoe we ervoor kunnen zorgen dat het doorsturen stopt en dat het goed met je blijft gaan. Want jongeren die het meemaken lopen kans op klachten zoals het niet kunnen slapen, het niet naar school durven of soms zelfs het leven niet meer zien zitten. Daar kunnen wij bij helpen."

Tips foar as it dy oerkomt

Neffens Dijkstra is en bliuwt it goed om der oer te praten. "Belangrijk is dat we in gesprek blijven over wat er online gebeurt. Nu met zo'n actuele aanleiding kun je ook vragen stellen, overleggen en bespreken dat doorsturen niet oké is. Daar maak je iemand mee kapot."

Foar âlden of omstanners hat Dijkstra wol in tip, as sy sjogge dat it misgien is mei bygelyks harren bern: "Blijf dan kalm en oordeel niet. Als je het gaat afkeuren, dan gaat iemand minder praten en dat brengt nog meer schade toe dan het incident zelf. Natuurlijk is het schrikken, maar daarom is erover praten zo belangrijk. Sexting is niet dom, maar het is wel verkeerd als het naar anderen doorgestuurd wordt."

Yn kontakt komme mei Chat met Fier? Belje 24/7 mei 088-2080000 foar help en advys, of sjoch op www.fier.nl/chat/over-chat-met-fier.

(Advertinsje)
(Advertinsje)